- 8 -
□e Stifting Sosiaal Kultureel Wurk
Troch de rie is de stifting oanwiisd as in algemiene stifting foar us gemeente.
Op side twa fan de bijlagen skriuwt it Kolleezje ûnder mear: bij gemeentelijke
subsidie dient onder erkenning van de vrijheid van organisatie en met inacht-
neming van de uitgangspunten van het sociaal kultureel plan de doelmatighéid
voorop te staan.
Ja, dêr kinne wy natuerlik achter steanj dêr freegje wy no yn wêzen ek om, foarâl
de frijheid fan organisaasje is in gegeven wat nea ferdwine mei.
Ek al sille guon oanfragen om subsydzje oer de stifting rinne moatte en al sil
der wolris sprake wêze fan in saneamde oerlaping - dat wurd wurdt gauris brukt -
wêze fan it 8-88-program, dat moatte dochs eigen aktiviteiten yn eigen doarp
pleats fine kinne.
Doarpsaktiviteiten meie nea oergean om de eigen aktiviteiten fan 8-88 sels.
De berôpskrêften fan 8-88 kinne en meie op fersyk helpe om nije aktiviteiten
op te setten, en kin in feriening of in klub himsels wol rêde mei it opsetten
dan dy aktiviteiten, mar hat men allinnich mar finansjele stipe nedich, dan sil
dat ut de pot fan stifting komme moatte as der oars gjin mooglikheit ta is.
As 8-88 nije projekten opsette wol, bygeliks foar wurkleazen, dan sille dy dêr
by ynskeakele wurde moatte as frijwilligers om mei te helpen om ien en oar slagje
te litten en de kosten sa folle mooglik te beheinen.
Wat it ekspirimenteren mei nije foarmen oangiet freegje ik my wol efkes ôf
wat dat foar nije foarmen binne, en wat dêr de kosten fan binne.
Ik wit noch wol doe't de earste plannen opset binne en de prioriteiten dêr
yn steld binne - it komt my no samar efkes yn it sin - dat it wurd yoga der
ek yn foar kaam.
Ik wist einliks net iens wat it ynhâlde, mar ik ha wol begripen dat it it
begoegeljen fan de minsken sels is. Mar wy hawwe fan yoga nea wer heard.
Dat ekspirimentearjen mei ferskate nije foarmen haw ik wol bepaalde beswieren
tsjin want it kostet faak in protte tiid en in protte mienskipsjild.
Foarsitter,
Jimme sille wol begripen hawwe, dat ik frij fier yn myn buorman syn ferhaal
mei gean koe.
Ek wat betreft de libbensskôging
Ik leau wol, nee, ik wit it wol, dy moat respektearre wurde. Ik leau net dat wy
dêr ûnder ut meije, en ik wol der ek net ûnderut. Dat hat der altiid al
sa west, en ik tocht dat dat der yn behelle wurde moast. En ik wol net iens oer
persintaazjes prate, want wy wolle der net oan foarby gean.
Dat wie it yn 1e ynstânsje, foarsitter.