- 9 - De hear Boersma Foarsitter, der is al hiel wat sein. Ik leau net dat it needich is om no noch wer in hiel lang ferhaal te hâlden, temear om't jo ek al sein ha dat dit stik tsjinnet om te hearren wat der yn de rie libbet. Inkelde punten wol ik noch oanhelje. Myn buorman, de hear Faber hat dat ek neamd, ien fan de sinsneden yn dit stik dy't by my eigentlik as de kearn fan it belied oer kaam, alteast sa't it yn myn eagen wêze moat, is: bij gemeentelijke subsidiëring dient onder erkenning van vrijheid van organisatie en met inachtneming van de uitgangspunten van het sociaal Kultureel plan de doelmatigheid voorop te staan. Dat is yn myn eàgen de kearn dêr't ailes om draait. Ek de sinsnede dy't dêr op folget: fan doublures en oerlappingenIk bin nammentlik fan miening dat benammen dy oerlappingen hjir en dêr noch wolris foarkomme. We sille prebearje moatte om dat sa folle mooglik te foarkommen. Dy oerlappingen kostje allinnich mar jild en ik leau net dat wy us dat feroorloofje kinne. Wy freegje us yn dit ramt lykwols ôf as it aile gearre sa't it opset is, noch wol utfierber is. Wy sille sûnder mear ek hjir de finger oan de pois hâlde moatte en bewust net fierder springe moatte as dy oare pois lang is. It is sa dat der hjir en dêr noch wol ferienings binne dy't yn wêzen rjocht op subsydzje hawwe, dyf dêr om freegje en it ek krije omdat se der rjocht op hawwe, mar wêr't dan ek noch wolris ut de boeken blykt dat se it net iens driuwend nedich hawwe. Ik wit net as it op grûn dêrfan altiid just is dy subsydzje te ferlienen. Ik leau dat we dan op in ferkeard paad binne. Ik wol dan ek noch efkes yngean opwat oangeande de stifting sosiaal kultureel wurk sein wurdt: de stichting zou zich daarnaast vooral kunnen richten op het introduceren van en experimenteren met nieuwe vormen van sociaal kultureel werk. In wêzen ha ik dêr de selde op- en oanmerkingen oer as de hear Faber en ek ik freegje my ôf oft dêr finansjeel sjoen de romte altiid noch wol foar is. 3t freegje wy as bygelyks ek ôf, as it op side 4 ûnder 2, giet oer nije aktiviteiten It moat ek allegearre mar kinne en it sil wol hiel dudlik toetst wurde moatte oan de behoefte fan de befolking. Hawar, dàt komt ek yn it stik wol nei foaren. Dy behoefte sil op ferskillende plakken tanimme. It is tragysk mar wier: troch de wurkleasheid sil der mear behoefte oan ferskillende foarmen fan sosiaal-kultureel wurk komme. De behoefte dy't dêrtroch ûntstiet, sil yn myn eagen sûndermear aktivearre wurde moatte. We kinne dêr net oan foarby, en sa binne der wol mear dingen. De foargeande sprekker hat it ek sein, ik wol dêr net fierder op ynheakje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 21