- 10 -
Foarsitter, ik leau net dat it needich is om hjir fierder fan myn kant noch
in protte oan ta te heakjen. Koart sein komt it hjir op delfinger oan de pois
hâlde en we moatte net fierder springe as de pois lang is. Mar it wichtige fan
is sosiaal-kultureel wurk, dat wol ik dochs noch wol graach ûnderstreepje
ûnderskatte ek wy perfoarst net. Tankje wol.
Beantwurding (yn earste ynstânsje) troch wethâlder Van Rijn:
Foarsitter, jo hawwe niis al sein dat it om in ynventarisaasje fan opfattingen
giet.
Dat betsjut dat hjir dingen nei foaren brocht binne, dy't we nochris besjen
kinne, dy't wy meinimme kinne. Dat betsjut ek dat ik it no koart ôfdwaan kin.
Ik wol begjinne mei te sizzen dat elk fan de sprekkers weardefolle opmerkingen
en ideeën nei foaren brocht har.
Ik gean dêr no net al te folle op yn, mar dat betsjut gjin miskenning. We binne
gewoan wiis mei de ûnderskate ideeën en we sille dy echt serieus besjen.
Ik tink dat wat hjir nei foaren brocht is, us echt wol fierder holpen hat
en yn dy sin hat dit diskusjestik oan't no ta wat behanneling in dizze rie
oanbelanget, wol oan syn doelstelling foldien. Ik gean yn op in tal punten dy't
neamd binne. De hearen Roorda en Visser hawwe beide de gearstalling fan de belieds-
kommisje neamd. De hear Roorda stiet oan op in sa breed mooglike fertsjintwurdiging
fan de ûnderskate befolkingsgroepenUnder dat betingst giet hy akkoard mei dy
ferienfâldigingWy sille op sa koart mooglike termyn mei utstellen derta komme.
De hear Visser hie it ek oer dy gearstalling. De beliedskommisje funktionearret
net. Hij stelt dit freegjende wei. Is dat indied sa
Hy hat de yndruk fan net. Sitte de minsken der net yn it foarste plak foar it
eigen finansjele belang en minder foar it meitsjen fan in belied Hat men wol
doel oer belied metsjen Ien fan de dingen dy't oan'e oarder binne wat de
gearstalling fan beliedskommisje oanbelanget is dat we dochs witte moatte wat
no echt de oarsaken binne dêr't it miskien wat stiif troch rint.
Ik moat jimme tsjinsprekke as men seit dat it mear om de knikkerts dan om
it spul giet, om it samar te sizzen.
De beliedskommisje hat yn de earste twa jier fan syn wurkjen goed funktionearre,
tocht ik, en ek goed motivearre. Men is der yndied yn slagge om in stik
belied op it kleed te bringen.
Ik haw sels as ris sein dat it myn eigen yndruk is, dat net de omfang fan de
beliedskommisje oarsaak west hat fan de swierrichheden as wol de yngewikkeldheid
fan de problemen sels