- 11 -
Mei de wurkgroepen is it miskien in wat oar ferhaal, mar de beliedskommisje
fertsjinnet wol lof foar ailes wat dy dien hat. Foar in echt stik belied, dat
dy kommisje op it kleed brocht hat.
Mar goed ferienfâldiging, wer mooglik, moat altiten nei stribbe wurde.
Der is krekt dizze wike by de VUGA in publikaasje fan de VNG ut kommen weryn ek
oanstien wurdt op ferienfâldiging fan de wolwêzensplanningEk de wittenskippelyke
rie fan it regeringsbelied hat yn dy rjochting advisearre.
No, wy sille dêrmei oan'e gong.
De hear Roorda relativearret yn bytsje it sintrale plak dat 8-88 hawwe soe yn
it sosiaal-kultureel wurk in us gemeente. De fraach fan de beliedskommisje wie om
nochris oan te jaan wat foar tinzen it gemeentebestjoer yndertiid foar 'eégen
stie oangeande it plak fan 8-88.
Op dy fraach ha wy antwurd jûn. It is yndied sa dat yn it ferliene in belied
ut jûn is dêr't 8-88 in wichtich plak yn hat. Yn us notysje stiet lykwols ek
de iennichste ynstânsje op sosiaal-kultureel mêd is. Der bart yn us gemeente
folle mear sosiaal kultureel wurk, mar dat nimt net fuort dat de stifting oan't
no ta wol in sintraal plak hat yn it belied fan de gemeente.
Dat leit ek foar de hân sjoen de subsydzjes, dy't wy dêr oan jouwe. Dat is it
belied tôt no ta. Hoe moatte we no fierder
De hear Roorda hat folslein gelyk as er seit dat de stifting foarsjen moat yn
in ferlet dat der is yn de gemeente. Ek oare sprekkers de hearen Faber, Boersma
en Visser, hawwe der op wiisd dat men oanslute moat op it ferlet yn de gemeente.
No seit de hear Roorda: ik ha it gefoel dat it wurk fan 8-88 niet altiid like
goed oerkomt. Is is sïm te sizzen yn hoefier dat in algemien fielen is.
Ik tink dat der in soad lju binne dy't profyt dan it wurk fan 8-88 hân hawwe.
Mar miskien is it yndied net sa oanslein as wol winslik wie yn it ljocht fan it opteine
belied dat b. en w. en de gemeenterie as gehiel in tal jierren ferlien foar eagen
stie.
Dan moatte wy besjen wat wy dêr oan dwaan kinne. De heer Roarda seit sels al en
dat is it positieve element yn syn ferhaal, dat de stifting braaklizzende terreinen
oanpakke moat. Dan wiist hy op de mooglikheden dy't der binne op it mêd fan de
sosiaal-kulturele aktiviteiten foar wurkleazen. No, dat wolle wy befoarderje.
As de notysje fan b. en w. it hat oer de stypjendeen stimulearjende funksje
fan 8-88 oangeande oare sosiaal-kulturele aktiviteiten, is der dan net sprake
fan in oerlapping Der binne ek provinsiale en lannelike koepels fan organisaasjes,
dy jouwe ek de nedige stipe. Dat is wier. Mar dêrneist binne der ek ynisiativen,
dy't bûten de besteande ferienigingen en organisaasjes opkomme.
Bygelyks ynisiativen yn wiken en aktiviteiten as dy fan de wurkgroep ferkearsplan
Stiens. By soksoarte aktiviteiten doe der ferlet wêze kinne fan stipe en begelieding
ut 8-88 wei.