- 12 - Dêr soene mooglikheden lizze kinne. Wy moatte dat allegear mar ris besjen. dat it Nar de hear Roorda hat wol yn safier gelyk yndied oanslute moat op it ferlet. En ik tink dat wy dêr nei sykje moatte. De hear Visser hat noch in suggestje dien yn ferbân mei de gearstalling en de taak fan de beliedskommisjeDe stifting sosiaal-kultureel wurk nimt in soad fan it sosiaal-kultureel wurk yn us gemeente op syn noed. As wy dan dochs op ferienfâldiging ta moatte, is der dan net wat foar te sizzen om it bestjoer fan 8-88 yn it plak fan de beliedskommisje te stellen It is in idee om ek ris te besjen. It sosiaal kultureel wurk is oars breder as alinne it wurk dat "8-88" docht. Dat is ek oanjûn yn us nota. Dêrneist leit de hear Visser in ferbân tusken de jildkraan en de sizzenskip. Der sitte twa kanten oan dy saak. Derheidssubsydzje hoecht net altyd ferbûn te wêzen mei sizzenskip om't de gemeente fia de jil'dponge op "natuerlike" wize al sa'n ynfloed hat, kinne der krekt wol redenen wêze om dêrneist de klam te lizzen op it goed rjocht fan de autonomy. Dat is fansels altyd in wat noodlike ferhâlding. Dat moatte jo earst goed besjen. Wat dy prioriteiten oangiet, tink ik dat dy in bytsje apels en parren binne. As jo it hawwe oer it opheffen fan achterstânsituaasjes, dan is dat in belieds- ynhâldlik kriterium. Hawwe jo it oerberikberheid, dan prate jo oer in oar soarte fan prioriteit. It is wat slim om dy boppe as ûnder elkoar te setten. Dat is altyd wat de swierrichheid mei it ôfwagen fan prioriteiten. Wat de hear Visser seit oer de libbensskôgjende aktiviteiten, wjerspegelt in bytsje de muoite dy't de kommisje hjir sels mei hat. Wat yn us nota stiet is yn feite tige ienfâldich. It utgongspunt oangeande libbensskêglike aktiviteiten is net mear as ien fan de utgongspunten neist de oare utgongspunten Lit men dêr rjocht oan dwaan; lit men dêr op in natuerlike wize mei omgean Dat betsjut gewoan dat in aktiviteit net subsidiearre wurde kin louter en allinnich om't it een libbensskêglike aktiviteit is. Oan de oare kant kin in aktiviteit ek net allinne ôfwiisd wurde om't it libbens- skôglik aspekt, as dat oanfierd wurdt, net dûdlik is. Dat is sa simpel as wat. It spilet mei mei aile oare utgongspunten en yn dy sin moat it ek op een natuerlike, soepele wize rjochtdien wurde. Dan kinne jo net prate oer it foar 80% of mear of minder tapassen fan in prioriteit of utgongspunt. Jo moatte sa'n prioriteit of utgongspunt gewoan yn syn gearhing besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 24