- 13 -
It punt is fansels dat yn it utgongspunt oangeande libbensskôglike aktiviteiten
hjir in sekere polityke lading sit. Dat makket it sa swier.
Ik tink dat jo der ek net mei in aai fan Kolumbus utkomme. De kommisje moat
gewoan leare om dit utgongspunt frij soepel yn syn funktionearjen op te nimmen.
Dat is fansels net sa ynfâldich.
De hear Faber wiist noch even op de aktiviteiten yn de daropen.Ik tink wol
dat hy gelyk dat mei wat er seit en dat strookt ek mei it utgongspunt fan de
berikberheitj wat der yn doarpen barre kin en wat der ek spontaen op komt
dat moat syn gerak krije.
Wy sille, en dat hawwe wy yn de brief by de notysje ek sein, oerlis fiere mei
de doarpen, mei de ferieningen fan doarpsbelangenDe fraach isj hoe kinne jo
de aktiviteiten fan "8-88" en de ynitiatieven dy't yn de doarpen opkomme op
in goede manier koartslute
Ik tink dat wy dêr noch wat ûnderfining in opdwaan moatte, en dat der miskien
ek noch wolris wat misferstânen en ferskillen ut'e wei te romjen binne.
De hear Boersma wiist noch even op de kwestje fan de oerlappingen
Dàt moatte wy yndied goed yn'e gaten hâlde. De hear Boersma wiist der sels op
dat der net in soad jild is. Hy stelt ek de fraach as it allegear kin, dy nije
aktiviteiten dêr't "8-88" him dan sa op talizze moatte soe.
Dat sil net maklik wêze. Ik tink riet dat der in soad extra romte beskikber is
yn de takomst. Ik bin der hast wol wis fan dat dat net it gefal is foar sosiaal-
kultureel wurk. Dat komt ek yn us nota ta utering.
Dochs sil dat moatte, en dat is ek hiel logysk en tige goed en sûn tink ik,
fia ferskowingen binnen it pakket.
Der is hjir wiisd op de taken dy't de stichting hawwe kin op it mêd fan wurkleasheid
In oar foarbield is wat no op gong kommen is: de Alpfabetisearringskursus
Sa'n alpfabetisearringskursus komt op it momint, dat bygelyks de belangstelling
foar de V.O.S.-kursussen wat werom rintDat is dan sa'n foarbield fan hoe't
it iene it oare wer opfange kin. Dat is dan sa'n ferskowing. Ik tink dat it
net goed is as ailes mar achterelkoar en boppe op elkoar komt. Dan ûntstiet
der toar hout en dat moat fansels ek net.
De hearen Faber en Boersma hawwe frege: wat binne dy bije aktiviteiten
Nije opjeften dogge har ek foar yn us mienskip en ik tink dat wy meielkoar
sykje moatte wat dy opjeften yn us gemeente presiis binne, hoe't wy deroan
temjitte komme kinne en hoe't wy goed oanslute kinne by it ferlet fan de
befolking.
It is al mear sein, mar yn dizze tiid is dat binammen dan it wurkleasheids
fraachstik. Dat is oan de iene kant in fraachstik fan it skeppen fan nije
banen mar der sit ek in oare kant oan: hoe geane jo om mei de frije tiid dy't
jo hawwe en hoe kinne jo dy sinfol besteegje