- 14 -
Dat is miskien in utdaging dêr't wy fia it sosiaal-kultureel wurk ek wat
op ynsjitte kinne.
De Foarsitter:
Wa yn twadde ynstânsje
De hearen Brameijer en Roorda.
De hear Brameijer:
It is in pear kear neemd: it opsetten fan in wurkleazenprojektDe hear Van Rijn
hat it ek noch even neamd.
Ik haw ut de krisisjierren dêr in lyts bytsje ûnderfning yn en dy binne dm
ferskillende redenen net om oer op te skeppen. En werom net
De wurkleazen sjogge it dielnimmen oan sa'n projekt faak as de befestiging fan
har status as wurkleaze. Men soe dat foar in grut part ûnderfange kinne troch
it te sykjen yn it oanlearen fan in fak, as fan in oar fak as dat men hat, of
yn it oanlearen fan oare, nije hânfeardigheden
En dan benammen, en dan kin de gemeente hjoeddei daliks al dwaan, de frije
hân jaan om oerdei tun of hûs of wat dan ek te ûnderhalden.
Dat wie it.
De hear Roorda:
It is miskien net sa dudlik utkommen, mar it gis my eins om it folgjende.
Yn it stik wurdt neamd dat "8-88" in sintraal plak ynnimt. Dat sintrale plak
soene jo eigentlik wol ferwachtsje moatte sjoen de subsydzje dy't "8-88" krijt.
Yn de praktyk is dat sa net. Yn de praktyk binne der in hiel soad organisaasjes
dy't harsels rêde. In de praktyk komt it der op del dat "8-88" funksionearret
neist de oare organisaasjes. En omdat dat gewoan in feit is, wie ik der ek op
tsjin dat der yn it stik stiet, dat it subsydzje-belied derop rjochte wurde
moat dat "8-88" in stypjende funksje hat.
Dan bringe jo har wat dêr't gjin ferlet fan is.
Dat woe ik noch even dudlik stelle.
Tanke wol.
Beantwurding (yn twadde ynstânsje) troch wethâlder Van Rijn:
Ik begjin mar mei it leste: neat opdringe wêr't gjin ferlet fan is.
It giet us by de petearen dy't hâlden wurde sille om it ferlet te peilen
en om te befoarderjen dat de aktiviteiten dy't der binne ôfstimd wurde op it
ferlet dat der is. Dat is ek de bedoeling fan de hiele désintralisaasje-operaasje
Ien fan de wichtichste doelstellingen
Dat sintrale plan fan 8-88 is ek in kwestje fan ferwurding. Ik tink dat de hear
Roorda gelyk hat, dat de stiftirig ek gewoan as organisaasje f unksionearret
neist in hiel ferksaat fan oar sosiaal kultureel wurk yn de gemeente.