- 15 -
Wy hawwe net sizze wollen dat, om it mar getâlsmjittich ut te drukken, de
stifting 80 en 90% is en'dat it oare der mar wat bijhinget.
Nar it is in geede saak om gemeentlike subsidjearring net allinnich te rjochtsjen
op wurk dat dochs wol spontaan oppakt wurdt. It giet krekt ek om aktiviteiten
dy't besteande organisaasjes lizze litte.
□y aktiviteiten moatte oars ek oanslute by in ferlet. En dan kom ik op wat
de hear Brameijer sein hat oer wat der yn de tritiger jierren foar wurkleazen
organisearre waard.
Hoe't projekten yn ûs tiid onslaan sille, sil noch bliken dwaan moatte.
Ik tink dêr hawwe jo gelyk oan, dat it yndied net oanslaan sil, as sokke
projekten in befêstiging fan de status fan wurkleasheid ynhâlde.
Dêr moatte jo goed foar oppasse en dêr kinne jo ek grutte flaters mei begean.
□êrtroch s'oe it ek wolris wêze kinne dat, lykas yn it ferliene al bliken dien
hat ut peilingen, it ferlet net sa grut is.
Ik tink dat jo dat dochs op in oare manier opsette moatte. Ik tink dat jo
der fanut gean moatte dat yn dizze tiid en miskien foar in ôfsjenbere tiid
ek yn de takomst de wurkgelegenheidssituaasje sadanich wêze sil, dat foar
elkenien, en net allinne foar in bepaalde kategorie wurkleazen, de fraach
opkomt hoe't jo sinfol omgean kinne mei tiid. Dat wol sizze as dy tiid net
langer foar it grutste part opfulle wurdt mei wurk yn de no noch gebrûlike
sin fan it wurd.
Dat is in styl fan libjen dy't wy miskien allegearre noch wat leare moatte.
Sosiaal kultureel wurk is der net de iennichste manier om dat te learen mar foar
guon minken kin it miskien wol helpe.
De Foarsitter:
Tige tank foar de boustienen dy't jimme oandroegen hawwe nei oanlieding fan
it stik dat wy skreaun hawwe. Ik bin ek tankber dat jimme dudlik en helder west
binne yn dizzen.
Wy hoopje hjir sa snel mooglik op werom te kommen, al binne der noch wol wat
tûkelteammen om op te romjen.