Punt 7 fan'e wurKlist
Foarstelnû. 82/ 90
Underwerp
Stiens, 16 july 1982
oankeap grûn foar it réalisearjen
fan it bestimmingsplan Hijum II.
Oan
de gemeenterie
Yn it bestimmingsplan Hijum II is oan de grûn tusken de besteande
bebouing oan it Oerd en it sportfjild, de bestimming wenningbou jûn.
Boppedat is tusken it Oerd en de Skoallestrjitte in fuotpaad projektearre
by de sleat lâns dy't dêr rintDe rioelearing komt hjir ek lâns te rinnen.
De nedige grûn is eigendom fan respektivelik de hear R. Spoelstra en de
Stichting Doarpshûs Hijum/Feinsum.
Wy hawwe mei dy beide eigners ûnderhannele oer de oankeap fan oan te winnen
grûn. Wat de hear Spoelstra oanbelanget hat it taksaasjerapport dat by
de stikken op besjen leit, dêrby as utgongspunt tsjinne.
□p grûn fan'e yn dat rapport neamde grûnpriis is dêrnei oanbieding dien oan
de stichting doarpshûs Hijum/Feinsum.
It bestjoer fan de neamde stichting is ree de nedige grûn oan de gemeente
oer te dragen foar de oanbeane keapsom en mei de wenstige betingsten.
Mei de hear Spoelstra binne wy it ek iens wurden. Dêrby is de ôfspraak
makke dat de oerdracht en it beteljen fan de keapsom yn fasen barre sil
Wy stelle ut ta oankeap te besluten oerienkomstich de ûntwerpbesluten
dy't by de stikken lizze.
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel
de siktaris.
de boargemaster
J.P.v.d.Kooi
H. Boschma