Punt 9 fan'e wurklist
Foarstel 82/ 92.
UnderwerpStiens, 16 augustus 1982.
foarrangssitewaasje
Aldlânsdyk te Stiens
Oan
de gemeenterie.
Mei it utfieren fan (in part fan) it ferkearsplan Stiens wurdt
de Aldlânsdyk te Stiens rekonstruearre
Dat wurk is hast klear en de feroare weisitewaasje hat foar us oanlieding west
□m te besjen yn hoefier "t ek de hjoeddeiske foarrangssitewaasje op
de Aldlânsdyk feroare wurde moat.
Yn it ferkearsplan Stiens wurdt de Aldlânsdyk yn prinsipe oantsjut
as wenstrjitte dy't tagelyk in funksje hat as utwei fan it motorisearre
ferkear. Yn'e wengebieten sil in dudlike klassifikaasje yn it strjittenet
neistribbe wurde. Dêr't dat winske wurdt, sille ferkearsregeljende en
ferkearsbeheinende maatregels nommen wurde.
Wy wize der hjir noch op, dat de ferbining tusken de wyk d'Orient
en it sintrum alderearst fia de Pim Mulierwei-G. Japicxstrjitte-
Wythusterwei-It Achterbosk/Uniawei lein wurde sil.
Hjirta hawwe wy de Fei-kearsadvyskommisje fan de Ryskpolysje frege dêroer
advys ut te bringen.
It advys hâldt yn dat krekt de feroare weisitewaasje oanlieding wêze
•kin om de foarrangssitewaasje op'e nij te besjen en dat yn dit konkrete
gefal de rekonstruearre Aldlânsdyk net mear as foarrangswei bestean
hoecht te bliuwen.
Fierders is oan'e stikken tafoege it advys fan de direkteur gemeentewurken
dy't ta deselde konkluzje komt.
Yn in besprek dat oan it begjin fan dit jier holden is mei in ôffurdiging
fan de buertferiening Aldlânsdyk, is ut namme fan dy feriening de winsk
nei foaren brocht om de op de Aldlânsdyk oanwêzige foarrangskrusingen
ferfalle te litten.
Wy stelle it beslut te nimmen de foarrang op'e Aldlânsdyk ferfalle te litten
by de oanslutingen mei de Dr.Wumkesstrjitte, de Tamme Zijlstrastrjitte
de Arjen Heslingastrjitte en de Folkert Tolsmastrjitte.
Nei us betinken soe it in goed ding wêze, as jimme beslute ta dy ferkears-
maatregel, om in skoft lang oan wjerskanten fan de Aldlânsdyk buorden
del te setten mei it opskrift "wizige foarrangssitewaasje".
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel
de siktaris, de boargemaster.
J.P.v.d.Kooi
H. Boschma