- 2 - Ik neamde sakrektfûleindich fierder tsjin de stream yn. Binne der dan streamingen en obstakels? Ja, sawol sichtbere as ûnsichtbere. Ien fan de sichtbere obstakels is: de hege fêste kosten fan dy for- sjenningen, dy't de lêste 10-tal jierren yn us gemeente fan de groun konmen binne: doarpshuzen, swimbad, sportfjilden, neam roar op: - dingen der't men in 20 jier lyn allinne noch fan dreame koe -, hja binne hjir oanwêzich en net in ynwenner fan dizze gemeente hat der op dit moment in stikje bôle minder om ite hoecht. Mar, de fêste lesten bliuwa der foar de gemeente oer en dy binne net om 'e nocht. It stribjen sil dan ek wêze moattainei in yn 'e hân hâlden fan dy kosten, b.g. besparjen op energiekosten en net bang wêze om op ridlike wize in eigen bydrage te freegjen fan de gebrûker Kosten fan ûnderhâld fan de terreinen by dizze forsjenningendemêst ek it netsjes hâlden fan plantsoenen en oare stikken grien, sil de neediche oandacht hawwe moatte ta beheining van ûnderhâldskosten Ruilferkaveling It forroune jier is der al hiel wat bard yndizzen: wetterlopen en dyken binne oanlein en forbettere; yn 1983 steane der wer ni je wurken op 'e nominaasje. Ek hjir jild it wurd: de rek is der ut. Sawol utstel fan wurken en op 'e nij besjen fanmooglikheden steane us te wachtsjen. Wy sille it, yn oerliz mei de ynstânsjes op dit mêd, noch dreech genôch krije om ailes syn beslach te jaan. De C.D.A.-fraksje wol yn 't bisûnder in wurd fan tank bringe - sûnder wa ek mar te koart te dwaan - oan de pleatslike konmisjeleden. Ek foar har jildt walris: roeije tsjin de stream yn. Want ek op dit terrein binne de mieningen fordield, binne der saneamde "streamingen" Ien wurd hjir noch oer, foarsitter. As dizze leden fan de Ruilferkavelingskoïnnisje alris nei Den Haach ta stekke, dan is it net foar har eigen belang, irar om wat los te krijen foar de mienskip fan Ljouwerteradiel - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 117