- 3 -
Forkearsplan.
Mei fâllen en opstean kin it gean, sa 't ik yn it begjin ek sei.
Mar wat no realisearre is, ikneam û.o. de Langebuorren en de
Aldlânsdyk, kin besjen leije.
Ek yn de fierdere planûtfiering sille de eintsjes oan elkoar knoopt
wurde maotte: ien fan dy eintsjes kin it riolerings-ûntslûtingsplan wêze.
Wy wachtsje mei belangstelling nije foarstellen fan it kolleezje ôf
Miskien kinne by nije riedsferkiezingen dan vrer oare partijen der baat
by fine!
Dan de utwreiding fan it gemeentehus
Der steane aile fraksjes efter.
As hjirfoar op tiid in boufergunning foar oanfrege en ferliend wurdt,
sil hjir op in pear obstakels nei, dy 't noch yn dizze "stream" lizze,
yn 1983 mei begoun wurde kinne.
In moai part fan de sinten leit al klear, de rest sil ek wol in regeling
foar foun wurde.
Ien mei 't oar wol in slompe jild, mar ek in flink stik wurkgelegenheid
En dat sûnder ferheging yn 1983 fan reinigingsrjochten en ûnreplik
guodbelestingsa as it him no oanjowt.
Deran nochris, it hie minder kint, alhoewol't der mar in bytsje, suver
neat, oer is foar oare nije wurken.
Hopenlik jowt de rinteferleging noch wat romte.
Binne der dan redenen ta klaeijen: ja en né.
As ik siz fan ja, dan bedoel ik dermei de wurkgelegenheid yn't algemien
en yn us gemeente yn't bisûnder.
In wurkgelegenheitskonmisje is ynmiddels ynsteld.
Mar dêr by noch komt it C.D.A. yn dizze riedsgearkomste wsrom op har
algemiene skôgingen fan ferline jier, weryn wy pleite hawwe foar de op-
fang fan skoalleferlittersjongeren mar ek âlderen, sunder wurk, it yn
de "wandelgangen" neamde Hobbysintrum.
De antwurden fan it kolleezje op us ynlefere fragen binne t.o.fdit
projekt net ûngeunstich.
It wiene ek echt sinniche fragen, dan kin men ek in reëel andert
fervachtsje
Wy konme der yn 'e rin fan dizze riedsgearkomste wol op werom.
- 4 -