- 5 -
Hjir wurdt oan wurke, hopenlijk komt it Kollege rillegau mei goed nijs
yn dizzen.
Underwiis: oan1t no ta hat us gemeente noch al wat bypasse moatten op
it ûnderwiis.
No't Ryk noch minder utbetelje sil yn dizzen sil ek dit ûnderdiel
kritisch besjoen wurde moatte, en is aller meiwurking heechst needsakelik.
Wat it rausyk-underwiis betreft: de yn de oanbiedingsbrief neande ideën
- sjoch side 32 - hawwe rjocht op in goede benadering.
Problemen cm de fleanbasis hinne, it is, sa't liket wat yn in better
deiljocht kcmmen te stean, wat betreft de ôfbraak fan inkelde doarpen
as in part derfan. De lûdshinder^comdsje sil fierder wol op har iepenst
bliuwe, nim ik oan.
No't net ôfbrekken fan husen en dêrtroch de leefbefheit fan de doarpen
wat geunstiger liket, is it to hoopjen, dat it ôfkreakjen iuLnachtsjend
fan minsken ûnderelkoar ek wat better wurdt.
De ûnforskillichheitit tsjin elkoar stean, it ûntefreden wêze, nimt ta
en nimt scmstiden in ûnfredige hâlding oan en dercm in oprop oan allegear
dy't foar de frede is en tsjin oerhearsking envgeweld: respektearje elkoar
as libbene wêzens fan de skepping, dy't as kroan fan dy skepping in cpdracht
hawws foar de neiste, tichtby en fierôf, mar ek foar de bisten en planten.
De pakketten-aksje fan'e wike foar Polen is hjir in goed foarbyld fan.
Dat hâldt tagelyk yn dat wy us forwsre moatte tsjin machten, dy't dy frede
us ûntnimtie wolle en wêr't foar de ûntjowing fan de minske qp kultureel
en godstsjintich-terrein gjin, as yn elk gefal, in tige beheind plak is.
Foarsitter, it is hjit en dêr in hap en in snap vie st.
Ik sprek de hope ut, dat wij meielkoar as Kollege en riedsleden, as
amtners en meiwurkers fan siktarie en gemeentewurken, behearders en skjin-
maksters, de sounens en de moed hâlde meije it konmande jier om stjûr
oan dizze gemeente te jaan.
Wat de gemeenteried oanbelanget: der is wat foroare yn de gearstalling:
guon kollega-riedsleden sitte net mear om dizze tafel, oaren binne mei
oanskikt.
Lit us, nettsjinsteande forskil yn polityke benadering, dochsfoar eagen
hâlde dat wy elkoar wurdearje as bestjûrders en begrip hawwe foar elkoars
mieningen
- 6 -