P.v.d.A.
II
Wylst Ik wat tinzen op papier set foar dizze skôgingen luster ik ek nei radio
"Fryslân"wêr't in reportaazje foar wie oer de demonstraasje tsjin de
keambewapeningdy't op 20 novirriber lêstlyn hâlden is. Tûzenen minsken hawwe
dêroan meidien cm te tsjûgjen fan harren ûngerêstens.
En is it in wûnder, foarsitter, dat de minsken hjir sa machtich op ôfkanmen
binne Men is yn steat mear as 40 kear de wrâld ferbame te litten, safolle
atocmbonmenraketten ensh. lizze der opslein of steane klear an ôfsketten
te wurden en noch wurde der hieltyd mear makke en noch skrikliker wapens
wurde wer utfûn. Wylst men yn Genève sit te praten draait de oarlochsyndustry
op folle toeren. En moatte wy no mar "lijdelijk"ôfwachtsje wat of't der ut
't bus kcmt
As jo it my freegje, foarsitter, kcmt der hielendal neat ut 'e bus.
Qarlochsfiering via sateliten mei laser-ôfstânsbestjoering stiet no nower
yn't bemeskuon en as dy technologyske ûntjouwing noch wat fierder gien is,
sil via dizze sateliten gjin irikeld plakje op dizze wrâld mear feilich wêze.
Miljarden en miljarden binne en sille der oan bewapening ûtjûn wurde, wylst
op ferskate plakken cp dizze wrâld de minsken fan honger en ellinde amkomme.
Mei in goed wike sille de klakken ver liede. It "Stille Nacht" en Vrede cp Aarde"
sil ver ut folle boarst mei songen wurde en dochs sil dit foar in tige lyts
part fan it minskdom mar veilein wêze
Net allinne âlderen, mar ek jongeren ûnder us meitsje har grutte soargen.
Sille de tritiger jierren har herhelje Besuniging, wurkleazens, krisis, oarloch:
it is net te hoopjen.
Mar mocht it sa karma, dan sil it oarlochfieren sa skriklik wêze, dat wy us
dêr gjin foarstelling fan meitsje kinne.
En net allinne in atara ire oarloch, mar ek in konfesjonele oarloch sil sa
skriklik wêze, dat der gjin fergelyk mei de twadde wrâldkriich mooglik is.
En hoe moat it no fierder
Moatte wy mar rêstich ôfwachtsje oan't de Pershin II- en krusraketten hjir
letterlik by uzes yn'e tun kcmme te stean
En mei dy tun doel ik dan fansels it fleanfjild. Want as ik de minsken
ut Den Haag goed Beharke ha is dy mooglikheid hielendal net utsluten.
Us fraksje wol op foarhân al sizze, dat, mocht definsje fan doelwêze it
fleanfjild ut te wreidzjen foar dokker doel dan ek, wy hjir yn aile gefallen
net oan meiwurkje wille.
- 2 -