- 2 -
Us partyfoarsitterseit: Begjin no net xnei nije raketten.
Wy wolle in bydrage jaan, in foarstap, cm ut dizze wapenspiraal wei
te kcmmen. It hat gjin sin hieltyd wer ni je keamwapens te ûntwikkeljen.
De skiednis hat learddat bewapening de oarloch wol in hoartsje utstelle
kin, mar noch nea foarkaimen kinnen hat. Lit us dêrcm no ris in oare wei
ynslaan: Earst s top je mei nije keamwapens te meitsjen, dêmei ûntwapenje
No sil men faaks sizze: "wat kinne wy as legere oerheid hjir no mei
Dat moat troch de Ryksoerheid regele wurde, dêr kinne wy neat oan dwaan".
Ik wol dan boargemaster Schurer sitearje. Hy sei op niisneamde bijienkcmst:
"Fansels is it yn haadsaak in saak fan it regear, mar de provinsjes en
gemeenten kinne wol in bijdrage jaan". Wy binne dat mei hiem iens.
Dêrom hat us fraksje dit fêstlein yn in moasje, dy't ik, neidat ik him
foarlêzen ha, oan jo oerlange sil. Wy fersykje jo jûn dizze rie om in
utspraak oer dizze moasje te freegjen.
Ik wol hjir oan taheakje dat ek de fraksje fan D'66 him yn dizze moasje
fyne koe en dercrn dizze mei ûnderskreaun hat.
Dizze moasje is hjir werjoen yn'e oanpaste tekst -
De rie fan de gemeente Ljouwerteradiel yn in gearkomste bijinoar op
16 desimber 1982;
konstatearjende dat yn brede lagen fan 1e befolking de ûngerêstens oer it
oanhâldende taninmen fan de keambewapening yn de lannen fan it Warschaupakt
likegoed as yn dy fan de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje tanimt;
betinkende dat oanfallen mei keamwapens alderearst rjochte wurde sille op
plakken dêr't oare keamwapens opsteld steane;
yn oanmerking nittmende dat benanmen yn de gemeente Ljouwerteradiel de op dit
stuit al oanwêzige of de takcmstige oanwêzichheid fan keamwapens op de flean-
basis wol degelik foar mooglik holden wurde moat;
lêzen de brief fan de Minister fan Definsje, wêryn't er wegeret bekend te meitsjen
of t en is dat al sa, hokker keamwapens op de fleanbasis Ljouwert opslein, lizze,
as wol opslein wurde sille;
is fan betinken, dat de befolking fan de gemeente Ljouwerteradiel yn tuzen noeden
it taninmen fan de keambewapening yn East en West acht slacht en dat it gereente-
bestjoer der krektsa oer yn noed sit;