- 3 -
Foar't ik der ta oergeanfoarsitter, cm wat te sizzen oer de oanbiedings-
brief en de begrutting wdI ik graach noch in pear opmerkings meitsje oer
de lêsthâlden gemeenteriedsferkiezingen.
Wy wolle der gjin doekjes cm wine, mar de gemeenteriedsferkiezingen, alteast
de utslach dêrfan, wie foar us in teloarstellingWy hienen wol ynkalkulearre
dat wy ferlieze soenen, mar dat dat ferlies op twa sitten utdraaie soe,
dêr hienen wy gjin rekken mei hâlden. Wy hawwe besocht om ut te finen wat
de oarsaak hjirfan west is. Hienen wy it as fraksje fan de P.v.d.A. net goed dien
Hienen wy nei de kiezers ta net dudlik meitsje kinnen wat wy wcenen
Hienen lannelike ynfloeden meispile
Doch bin ik fan betinkendat wy foar in part net duslik meitsje kinnen
hawwe wat us foar eagen stie mei b.g. de ynrjochting fan de Langebuorren en mei
de nijbou ynstee fan de ferbou fan de bibleteek.
Ik sil der op dit momint net oer utwreidzje, mar us fraksje beriedt har der
oer, op hokker wize sy foartoan har belied dudliker utdrage moat.
Wiene de gemeenteriedsferkiezingen foar us in teloarstelling, wy wienen
bliid, doe't ek yn us gemeente mei de lannelike ferkiezing op 8 septimber
wer safolle minsken har fertrouwen oan us partij joegen.
Cp initiatyf fan us fraksje hat der nei de gemeenteriedsferkiezing in petear
pleats fûn mei de fraksje fan it CDA cm te hifkjen of't wy ek wer ta it
foarmjen fan in kolleezje-program kcrrme koenen. Dizze beide fraksjes wienen
fan betinken, dat ek besocht wurde moast cm mei de oare partijen ut dizze
Rie ta it gearstallen fan sa'n program te kcmmen.
Der is doe in program gearstald troch P.v.d.A., CDA, WD en D'66 dêr't
dizze partijen harren yn fine kinne en dy't harren hjir dan ek de karmende
4 jier oan bûn fiele. Wol sil yn goed ûnderling oerlizzen besjoen wurde, of't
dit program sa ut en troch ek op ûnderdielen bysteld wurde moat.
De FNP liet by it twadde petear, foardat de uteinlike tînderhannelingen begûn
wienen, al witte, hjir net oan meidwaan te wollen, sadat sy de hannen frij
hâlde koenen. Is is fansels wol maklik, foarsitter, wol krityk hawwe te
kinnen en gjin ferantwurdlikens foar in kolleezjeprogram mei drage te wollen.
- 4 -