- 5 -
De gemeenten sille yn de kcmmende jierren troch de Ryksoerheid noch folle
koarter hâlden wurde. Wordt yn dizze oanbiedingsbrief neamd, dat de gemeente
f 9,per ynwenner ynleverje moat, yn it regearakkoard wurdt al oankundige
dat it yn 1986 nei f 55,per ynwenner moat, wat foar us gemeente dan
delkanme sil op omtrint in heal miljoen gûne. En as de ferwachtings ûtkcome,
dat it tal R.W.W.-utkrearinglûkers de karrmende 2\ jier mei sawat 350.000 oraheech
gean sil, dan betsjut dat, dat de lêsten foar de gemeenten bliuwende kosten
fan bystânsferliening allinne al troch de tanimming fan it tal RWW-utkearingen
yn dit tiidrek taninme sil dan f 750 miljoen oan't f 1,3 miljard. Dat wurdt
dan in lêst, dy't troch de measte gemeenten net te dragen is.
Dêrom is it, leau'k, in goed ding dat ek de VNG fan betinken is dat it ryksoandiel
op dizze ryksgroepsregeling op koarte termyn nei 100% brocht wurde moat.
En as dêrby de minister-president yn syn regearingsferklearring seit: "de gemeenten
sille mear ynleverje moatte, mar wy sille harren mear rcsnte jaan cm it jild
by de boargers vei te heljen, "dan is dat in ferskouwing fan de swierrigheden
nei de gemeenten ta, wêr't dy, om it mar suntsjes te sizzen, tink net op sitte
te wachtsjen. Lit us hoopje dat it regear akkoord sa net utfierd wurdt.
Want hckker ynstruminten hat de gemeente ta har foldwaan om in slutende begrutting
te krijen D.i. noch mear besunigje, minsken ûntslaan, of de O.G.-belêsting
foars ferheegje.
In kar dêrut sil dan troch de Rie yn de k amende jierren makke wurde moatte.
Swiere beslissingen sille der norrmen wurde moatte. Want ek yn us gemeente,
ik wol dêr noch efkes by stilstean, is it tal wurkeleazen noch nea sa heech west
nei de twadde wrâldkriich as hjoed de dei. Bedriuwen, dy't fan hjoed op moam
oer de kqp geane, wêrtroch minsken dy't noch nea sûnder wurk west hawwe, samar
op'e dyk kcrttne te stean; skoalleferlittersdy't net oan'e slach konire kinne;
spanningen yn de hushâldings binne hjir it gefolch fan.
Us fraksje is dan ek fan betinken, dat, as it mar heal kin oan dit probleem
wat dien wurde moat. Wy binne dan ek bliid, dat de earste stap set is.
Dat der in konmisje foar de wurkleazensbestriding yn it libben roppen is,
dy't utsykje moat of't yn us gemeente ek wat oan dit probleem te dwaan is.
Ik wol der fuortendaliks wol oan taheakje, dat de mooglikheden beheind binne
Hoewol't de wurkleazens benammen yn'e bou, skriklike grut is en tal fan
minsken noch op in vrente sitte te wachtsjen, wurde der ek yn us gemeente lang
dat tal wenten net boud, dêr't yn eardere jierren fan utgien is.
Yn de ôfrûne jierren is us fraksje altyd fan betinken west, dat der in grut
part venningwetwenten boud wurde moast, mar hjoed de dei is de frage:
as der boud wurde kin, foar hwa moat men dan bouve
- 6 -
ÉÙi