- 7 -
De wolwêzenssektor sil ek net oan de besûniging ûntkcrnme.
Foar 1983 wurde besunigingen fan rykswege oankundigedêr't de cmfang no
noch net fan bekind is. Fansels sille hjir konsekwinsjes foar it wolwêzenswurk
fan us gemeente ut folgje. It is wol sa, dat der no dudlikens konme moat
oangeande de saken, dy't earst behannele wurde rtoatte. Krekt no sil it op
belied oankoirme en net allinne belied op koarte terrryn, mar ek op langere
termyn. It byhearende finansjele aspekt twingt us der ta, on in kar te meitsjen.
De ferieningen, organisaasjes ensh. hawws rjocht op dy dudlikens.
Wy ferwachtsje, dat de risseltaten fan de petearen dy't folgens de oanbiedingsbrief
tusken gemeentebestjoer en ferskate organisaasjes pleats fine sille; op sa
koart mooglike termyn bekind makke wurde sille. De dêrut fuortkommende foarstellen
fan it kolleezje sjogge wy mei belangstelling yn'e mjitte.
Wy binne fan betinken, dat it kolleezje der fan utgean moat, en by al har
foar- en tsjin belûke moat, dat de groepen, dy't in efterstân hawwe, of dy't
in efterstân driigje te krijen, bysûnder omtinken fertsjinje. Janneke Liemburg
hat it lêstendeis treflik yn'e Steaten sein, dat "nettsjinsteande aile terjochte
krityk dy't min op it wolwêzenswurk hawv« kin, it by dit wurk yn't foarste plak
giet an sike minsken, âlde minsken, minsken sûnder wurk, minsken yn efterstân-
sitewaasjes. It giet an it yn stân hâlden fan foarsjenningendêr't yn in krisistiid
meas as ea ferlet fan is".
Sa fine wy ek, dat der in better ûnderkarmen foar de bejaarden konme moat.
It is hast skande dat it âlde Griene Krus gebou ôfbrutsen wurde sil, wylst
it sa'n gaadlik plak foar de bejaarden is. Wy freegje it kolleezje goed te besjen,
of't dit gebcu net better stean bliuv*B kin.
Cm fan de bejaarden oer te gean nei de sport is yn dizze tiid net sa'n grutte
stap mear. Ek yn us gemeente wurdt folop dien oan bejaardegymnestyk ensh.
In soad minsken belibje hjir wille oan, sa as ék in soad minsken passyf wille
belibje oan it sportbarrenDe sport nimt sadwaande ek yn ûs gemeente lokkich
in grut part fan har wolwêzen yn. Wy binne dan ék bliid, dat it kolleezje
ynkoarten mei in foarstel hopet te koitmen om in stik grûn oan te keapjen ten
noorden fan it sport terre in Jelsum-Koamjum.
Mar ek op'e sportwille sil in domper set wurde moatte, om 't ek de sport
net oan de besunigingen ûntkorme sil.
It kolleezje-program seit ûnder punt 2.3 dat yn't foar gjin inkelde sektor
fan de besûniging utsluten is, dus ék de sport net, en as ik dan sjoch, dat
yn 1983 in tekoart raamd is fan rûchwei f 672.000, dan kin de sport ek
wolris ûnder grutte druk konme te stean.
- 8 -