III
Stiens, wintermoanne 1982.
Foarsitter, gearkomste,
Kommisjes,
It is foar my in noflik gefoel dat wy as F.N.P.-fraksje, yn de nije
gearstalling fan us ried, in man mear hawwa. Yn svn algemienens soe
men tinke dat it us fraksje wat mear earmslach en romte jaan soe bij
de ferdieling fan bygelyks de kommisjesitten.
Mar it pakte oars ut.
It waard winsklik achte, mei it each op it gearstallen fan de ferskate
konmisjes, foarôf in gearkcmste te hâlden cm te besykjen ta in oerienkomst
te kommen. Fan us kant fûnen wy dit in goede saak.
Want in goed begjin is 't heale wurk seit men wol.
De F.n.o. hat doe de sportkarmisje oerjûn, sjoen ek de grutte beswieren fan
de P.v.d.A.-fraksje destiids. No miende de fraksjelieder fan de V.V.D. hem ek
noch foar dizze karmisje kandidaat stelle te moatten.
Wij joegen te kinnen dan der foar in sit yn de s.n. bijstânskcmmisje yn oanmerking
te konmen.
Op dizze gearsit is der gjin inkeld beswier tsjin ynbrocht, of wat foar kcmmentaar
dan ek, op jûnIn goed leauwich minske, lyk as ik, lûkt derut de konkluzje:
de gearsit giet akkoard.
Mar nochris it pakte oars ut. Yn de riedsgearkcmstedér aan folgjend, miende
in meartal fan de riedsleden de F.N.P.-fraksje yn dizzen ôfwize te moatten.
Dat kaam op us oer, as it net hâlden oan in ôfspraak.
Dat op sa'n manear it hâlden fan in gearkcmste, foarôf, gjin inkelde sin hat,
sil eltsenien dudlik wêze.
Ferkearswurkgroep en iepenbierheid
In sa neamde ferkearwurkgroep dy't yllegaal bestiet, dat wol yn wêzen sizze,
NET troch de ried keazen is, makket gebrûk fan djoere stêdeboukundige foar-
ljochting, ûntlukt him EK noch oan de iepenbierheid dy't de fraksje fan us
ried sa heech yn it findel fiere, mar kcmt W3L mei advizen.
Men freget jin yn sa'n gefal sans ôf of it roppen cm iepenbierheid net as
propagandastuntmei it each op de bûtenwacht, bedoeld is.
Begryp mei goed, ik sil net sizze dat de troch my sinjalearre feiten no direkt
geane ten koste fan us gemeentlike bestjoerskrêftmar as it rjocht en reedlik is
Bibleteek en Gemeentehûs
Ek oan de nijbou fan de bibleteek hawwe wy us argewaasje belibbe.
- 2 -