- 2 - De winsk fan de F.N.P.-fraksje om te kommen ta in ôfweaging tusken FERbouwen en NlJbou waard us tasein. Ja, ja Lykwolsdizze kar is ûs op de meast simpele wize ûnthâlden. It kaam dérop del dat de hiele kcmmisje algemiene saken B. en W. de F.N.P.-fraksje yn de kjeld stean lieten. Ja, ik hie vrol it gefoel dat it noch al aardich ûnder nul wie. Sjoch freonen, ik sit net yn de ried cm te skern slypjen, DAT is myn opjefte net, mar ik fielde rny doe aardich yn'e sek naait. Benamman no't bliken docht dat wy by it ferbouwen fan it gemeentehûs WOL in meartal sketsen ûnder eagen krije. Dat de ienriedegens yn it kolleezje fan B. en W. de ynset wie on dan mar twa ynstee fan ien boumaster yn te setten, stekt frjemd 6f by de behanneling ûnderfûn troch de F.N.P.-fraksje t.o.fde bibliteek. Belied "Geane jim no ék wer yn de kontramine", frege in C.D.A.-riedslid nei ôfrin fan de ferkiezings. Dy fraach kaam nuver by my oer. Nimmen sil, hoopje ik, tinke dat wy yn de ried sitte om yn prinsipe "tsjin" of "kontra" te wêzen. Wy miene dat elk riedslid it rjocht, ja sels de plicht hat, as it hert, him of har, der ta driuwt, mei earlike posityf bedoelde krityk te kanmen. Freonen, begryp ûs goed, wy leverje gjin krityk omdat wy krityk leverje WOLLE. Mar, wat hawwa wy faak gelyk krigen. Ik wol wize op de snie-affearen yn de Aldlânnen, it horeca belied yn Stiens, it sa neamde krobbewurkdat amper op gleed, al wer ôfbouwt wurde moast; it drama mei de ferkearsdrompels troch US foarsein. En sa soe der mear te neamen wêze De ferkearsproblematyk De fersjenningen dy't pleatst binne, Langebuorren en Uniawai, neame wy "buskepesten"Yn twa dagen wie ik der twa kear tsjûge fan dat in bus en in auto bienoar oosieten. Skea en konstemaasjeDe bus stie mei it eftertsjil tsjin de rjochter stoepe oan; en de sjofeur koe gjin kant op, en dan te witten dat sokke sitewaasjes de frucht binne fan stûdzjes fan sa neamde ferkearssaakkundigen. Of och it is sa mar in fraach, wurdt der mei opset sin stribbe nei buspaad omlizzing Kolleezj eprogram Wy hawwe der gjin boadskip oan. In grut tal fan de oanhelle punten binne fan sa'n algemiene strekking dat der benei gjin skeel oer ûntstean kin. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 149