- 3 -
In oan tal binne sa rom fan opstelling, dat men der aile kanten nei ut kin,
bygelyks SA MOOGLIK gjin belesting ferheging. Nee, wy hawwe gjin ferlet,
wolle boppedat de hannen frij hâlde cm vn te spyljen op al dat jinge wat wy
fan belang achtsje. WIJ DOGGE NET MEI
Belesting
Wy begripe it folslein dat der tsjinst ferlieningen binne dy't har sels
net bedrippe kinne. Dat der fia de belesting jild yn de gemeentlike ponge
komme moat hawwe wy ek begrip foar, mat it systeem fan de ûnreplikguod
belesting leit us net. It hâldt gjin ferbân nei de ynkcmsten fan dyjingen
dy't betelje moatte.
De skaplikste belesting is en sil altiid bliuwe, dy nei ynkanmen en fermogen,
en us stribjen is dat yn te passen yn de gemeentlike belesting heffing.
It wolwêzenbelied.
Wy binne it der net mei iens. In bedrach fan benei 3k ton giet op oan fêste
krêften en akkoirmodaasje fan de stifting sosiaal kultureel wurk.
Foar it oare wolwêzen wurk, hoe wichtich ek, bliuwt dan persintsgewize te min
oer. Skerp der tsjinoer, it barren yn de bûtendoarpen
Fêste krêften wurde dér of net oansteld 6f ôfstjitten bg. doarpshûzen.
Lit us "gemakshalve" mar net prate oer it minslik drama wat efter it lêste sit.
Frywilligers stappe der yn. DAT is vn us eagen sosiaal-kultureel wurk, fan de
boppeste planke. WÛnderlik dat yn de lytse doarpen mear barre kin as yn de
"Haadstêd"
Foer foar psychologen
Bliuwt, dat us respekt foar it barren yn de bûtendoarpen grut is.
Gemeentebegrutting
Der hiene wy net folle muoite mei. In goed stik wurk, Wy sille us yn de
takcmst tige beheine moatte. In saneamde mearjierrenplan soe faaks tige
wichtich wêze, benanmen mei it each op de grutte fêste lêsten wer't wy nei
oantangele sitte.
WINST is, dat de Ryksoerheid ûs mear romte jout, alhiel yn oeriensteming nei
it program fan de F.N.P. Tige spitich is it lykwols dat dyselde Ryksoerheid
ûs sels foar de fraach stelt ver't it jild weikormne moat, en wa der foar opdraaie
te litten.
Wurkleazens
Wy wolle net populêr dwaan en in moai ferhaal ophingje yn de s in fan "arbeids-
plaatsen scheppen" of soksawat.
- 4 -