- 4 - Wy witte it net. Wy binne der dea mei oan. Ja fansels, wy soene wol "kreten" betinke kinne mei it each op in polityk sukseskemar der liene wy us net foar It liket min Lykwolsas der in hiel lyts gatsje wêze mocht, wy bliuwe wekker. It iennichste wat wy kinne is us bêst te dwaan cm de ûndeminmersut eigen geasa min mooglik dwerse kneppels tusken de skonken te smiten. On sa mar wat te neamen, de opstelling fan de sa neamde skientrrekorrmisje liket us bijtiden oerdreaun-ambtlik ta, en wy wolle ailes dwaan cm ûnnediche papieren rompsloirp binnen de perken te hâlden. It wurket net stimulearjend mar it tsjindiel, ferlamjend. Finansjele ferhâldingswat It is bekend, der hawwe wy as F.N.P.-ers fan us bestean ôf al tsjin oan skopt, wittende dat it in ûnrjochtfeardige saak wie. Dy wet is no op'e nij besjoen. Is it better wurden foar us Better foar Fryslân Earliker Nou ferjit it mar wy wurde troch de "rânnestêd Hollân" noch fierder de grûn yntrape. Foar de safolste kear docht it bliken dat wy yn Fryslân neat fan de Hollânske partijen te ferwachtsjen hawwo. Wat soe Fryslân in fûst meitsje kinne as wy us ferdieltheid farre lieten en as ier foar de Fryske belangen opkamen. Fanut Frysk-Nasjonaal tinken kinne wy mar ta ien konkluzje kcmme: spitich, tige spitich dat soks te min bart. Foarsitter, mei dizze wurden wol ik beslute en mei de winsk der meielkoar fan te meitsjen wat mar meast mooglik is. F.N.P.-fraksje 0. Faber.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 153