IV
AB5EMIENE SKOGINGEN 1982, V.V.D.-FRAKSJE LJOUWEETERADIEL
Foarsitter,
As ik dwaande bin mei it opmeitsjen fan de algemiene skôging, kin fk
net neilitte it ôfrûne jier efkes oan myn tinzen foarby gean te litten.
Polityk sjoen is der yn 1982 wol it ien en oar bard. Der ha ferkiezings west
en dêrtroch is der yn de ferhâldingensavrol by hegre as by legere oerheden,
it ien en oare feroare. It is wer dik 4 jier ferlyn dat wy as V.V.D.-fraksje
fan 2 nei 1 sit yn dizze rie verom giene. Ik ha doe û.o. sein dat ik net
ta de minsken hearde, dy't sa moai prate koenen dat in vercmgong yn winst
omset waard, ferskate politici kinne dat wol en it tragyske is dat sy it sels
noch leauwe ek. l£"no sizze dat ik tige wiis bin dat de V.V.D. mei 2 man werom
konmen is. Wy binne der wis fan dat dit it riedswurk ten goede korme s il, want
it is net mooglik dat ien man as frou hem as har yn ailes spesjalysearje kin,
temear no't de saken dy't op us ôfkonme hyltyd utwreidzje
Fjirder is it sa dat de ekonomyske delgong ek yn 1982 net te stuitsjen wie,
nee, sels yn noch gruttere foarm oer us kcmnen is. In ljochtpuntsje is de
hjoeddeiske rintedaling.
Foar 1983 kin dat noch al wat skele en ik tochtdat dat us vol fan pas kaam.
Ek en foaral op it bestjoerlike mêd ha we mei finansjele krapte te meitsjen.
Dit freget fan de riedsleden in goed ynsjoch, noch mear as yn it ferline sil men
de pro's en de kontra's ôfwege moatte. De begreating dy't hjir foar us leit
is der in dudlik bewiis fan. Dat elts ynkrimpe moat is wis, dit giet sûnder
mis ek net oan de gemeentes foarby.
Nei us miening tsjûgt it fan begryp foar de situaasje by de minsken dat it
kolleezje dit jier net mei in ferheging fan de ûnreplik guod belesting konmen
is. Dit yn tsjinstelling ta de measte Nederlânske gemeentes. Dit hâldt fansels
wol yn dat de finansjele romte foar de gemeente der net greater op wurdt.
Hjir koitt noch by dat er eins gjin wike foarby giet as der kcmt wol in
skriuwen ut Den Haag, dat er wer op de gemeentlike utkearings koart wurdt. Wy binne
fan betinken dat it op dizze wize ûndwaanlik wurdt in belied te fieren
Ik ha hjir yn it ferline ek wol ris op wiisd, mar it is no nediger as ea dat
der greate gearwurking tusken hegere en legere oerheden komt.
De yndruk dat de hegere oerheden de gemeentes ûnnedich op kosten jeie is by rny
noch net weinommen.
In mooglikheit yn dizze wat te berikken is faaks it oansprekken hjiroer
fan de keamerfraksjes fan de polityke partijen.
- 2 -