- 2 - Fan us kant sille we besykje hjiroer kontakt op te ninmen mei minsken fan de V.V.D.-keamerfraksje. Ien fan de dingen dy't elts op dit stuit tige benaud, is wol de greate wurkleazens. As gemeente is hjir direkt net folle oan te dwaan. Dat it wurk foaral yn de bousektor ôfnimt blykt û.o. fit it sakjen fan it oantal bouoanfragenNo't de rinte sakket, komt hjiryn hopelik feroaring. Gelokkich hat de gemeente noch inkelde dingen op prieimien stean, dy't ek foar de wurkgelegenheit befoarderlik binneDe bibleteek hat ferline wike it heechste punt berikt en wurdt bout mei ynset fan it "leerlingen bouwplaats stelsel". Alhoewol1t men hjir earst wat ûnwennich tsjinoer stie, blykt it yn de praktyk goed te gean. Ek it gemeentehûs is nedich oan utwreiding ta. Elts dy't hjir gauris kant wit hoe nedich dit is. It gemeentehûs is bout yn in tiid dat de befolking fan Ljouwerteradiel de helt lytser wie as no, boppedat is de pepierwinkel dy't der by heart, perfoarst net 6fnonmen De earstetarissingen binne makke, as de saak aanst los kin jout ek dit wer in stik wurk. Ek de ruilferkaveling soarget foar in protte wurk. Swirrichheden binne der oeral, ek dêr. Ik tink hjir by oan de situaasje by de SkrédykOan de westkant fait 150 meter bûten it blok en kcrnt dêrtroch net foar rykssubsydzje yn oanmerking, hjirfoar sil in oplossing socht wurde moatte. Oan de eastkant binne ek noch tûkelteaitinen, dit sit mei yn de ûnwissens dy't der noch is oangeande de ferbining Stiens-Ljouwertik kom hjir aanst op wercm. Ek by de ruilferkaveling konme de oerhytsjilden minder flot as men wol woe. Stadich oan bekrûpt us it gefoel dat we noch ôfwachtsje moatte as ailes wol réalisearre wurde kin sa't it troch de rie oannommen is. Doe't it plan oannanmen waard, wiene de finansjele mooglikheden greater as op dit momint. - it Lit us net hoopjemar as der yn dit stik fan saken prioriteiten steld wurde moatte is us fraksje fan miening dat de ekonanyske belangen perfoarst de oandacht ha moatte, dy't hja fertsjinje. Ek moat der in oplossing socht wurde oangeande it ûnderhâld fan de wâlbeskoeiing bij de Dokkumer le lâns. Dizze wâlbeskoeiing hat it meast te lijen fan 'e skipfeart. Wy kinne us dan ek net foarstelle dat der ek mar ien ynstânsje wêze kin dy't de gemeente hjir foar opdraaie litte wol,mochtdit al barre dan sille wy us der as Ljouwerteradiel mei krêft tsjin fersette moatte. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 157