- 3 - Lykas hast aile jierren stiet ek no de dyk Stiens-Ljouvort yn de belangstelling. It kolleezje fan B. en W. hat mei harren brief oan Deputearre Steaten just hannele. Wy kinne us mei de ynhâld fan dit skriuvon ferienigje. Ek wy binne fan miening dat der nei 15 jier ûnderhanneljen wol oanspraak makke wurde kin op sekerheden, wy binne wat dit oanbelanget al te faak mei in klutsje yn it reid stjûrd. Hoefolle jild soe hjir no al oan plannen meitsjen ferlen gien wêze, c«n fan groun- en huzen-oankeap noch mar net te sprekken. Dit is nei us miening in dudlike foarm fan ferkeard cmgean mei mienskipsjild Yn dizze tiid seker in ûnferantwurde gong fan saken. Der binne in protte saken wêr't de gemeente dirékt as indirekt mei te krijen hat. It fiert te fier an yn dit koart besték ailes oan te heljen. Inkelden binne al neamd. In punt dat neffens us ek de oandacht fertsjinnet is it maatskiplik wurk. Yn it noarden fan Fryslân dogge 2 tsjinsten foartreffelik wurk. Troch dat beide stiftingen, Frentsjer en Hallum yn deselde kontreien arbeidzje kin der hjir en dêr wol es wat doelmjittiger wurke wurde, alteast sa komt dat by us oer. Foaral yn dizze tiid kinne wy us net mear feroarloave dat der kostenferheegjende faktoren ûntsteane troch by inoar lâns te wurkjen. In gesprek dit oangeande sil op koarte termyn op gong brocht wurde moatte. De wil is der, dat leau ik fêst. Bestjûrlik sil der noch vol it ien en oare barre moatte. Tink net dat wy op in fusie oanstjûre voilemar ta in bettere gearwurking en koô'rdinaas je Hjir leit miskyn in taak foar it gemeentebestjoer cm in oantrun yn dizze rjochting te jaan. Yn myn foarige skôgingen ha ik der op wiisd hoe bot de sédyk efkes benoarden us gemeente rry beneare. Wy binnen no 30 jier nei de rarnp yn Sélân, wat moat hjir earst barre? Fansels spilet ek hjir de sinteraasje in greate roi. As in oanpassing oan de hjoeddeiske easken noch langer utsteld wurdt, sil dit ûnfoarstelebere gefolgen ha en net allinne op it finansjele mêd. It wurdt de heechste tiid dat dizze saak besjoen wurdt op in reële en praktyske wize en net mei aile emoasjes dy't der stadich oan omhinne groeit binne. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 159