- 5 -
Dit tsjûget fan réalisme, ék wy binne fan miening dat de boarger net mear
betelje kin ûnder de hjoeddeiske omstannichheden
Dit hâldt wol yn dat der op in protte dingen besunige wurden is en noch
rtioat en dat in fraksje fan hokker partij dan ek, faker nee sizze moat tsjin
saken dy't foar de minsken dy't it oangiet wol es tige wichtich wêze kin.
Dit sil somtiden hurd oankoninne, mar wy sille hjirmei leare moatte te leven.
It is lykwols al sa dat der yn de histoarje altyd in golfbeweging sitten
hat, hjir en der begjint it wat te daagjen, lit us meiinoar hoopje dat wy
Stadichoan wat by de wâl opkrûpe en foaral net begj inné te "doemdenken"
Yn dit ferbân freegje wy us ôf as it in goede methoade is om yn aksje te
kommen as men it eame net mei iens is.
Ik tink hjirby oan it skriuwen dat ferskate bem mei krigen ha oangeande de
ûnderwiisstaking
Wy moatte us goed réalisearje dat er in protte minsken yn de wrâld binne,
dy't der folle minder oan ta binne as wy hjir in West-Europa.
As wy aile ellinde op'e televyzje sjogge en yn'e krante lêze, dan moatte wy
ta de slotsom konne: "Het is prettig wonen in Leeuwarderadeel"
V.V.D. Ljouwerteradiel
H.A.J.BOERSMA.