Stiens, 23 jannewaris 1987 UnJ jrw.-rp Riedsgearkomste Oan: de gemeenterie Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 29e jannewaris 1987 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster H. BOSCHMA. Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it wurklist 1. Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 18e desimber 1986 2. Ynkommen stikken en meidielings 87/1 3. Utstel om op grûn fan kêst 74 fan de Underwiiswet meiwur- king te ferlienen oan it bestjoer fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Britsum foar de oanskaf fan meigroei- sets foar "De Foarikker" te Britsum 87/2 4. Utstel oangeande it yntsjinjen fan in foardering ta it ûnt- binen fan it hierkontrakt mei de hear C.Roorda te Hengelo (0) 87/3 5. Utstel oangeande it bestimmingsplan bûtengebiet 87/4 6. Utstel oangeande de ynspraakoardering ek fan tapassing te ferklearjen op de nije Wet op de Romtlike Oardering 87/5 7. Utstel oangeande it nimmen fan in ferkeersmaatregel foar It Paradyske te Jelsum 87/6 8. Utstel oangeande it nimmen fan ferkeersmaatregels oan de Menno van Coehoornwei en Sillânsreed te Britsum 87/7 9. Utstel oangeande it nimmen fan ferkeersmaatregels oan de Hege Hearewei en de Nije Poarte te Stiens 87/8 10. Utstel oangeande it fêststellen fan it Sosjaal Kultureel Jierprogramma foar 1987 87/9 11. Utstel oangeande berneboartersplakken op iepenbier grien op ferskate plakken 87/10 12. Utstel oangeande in opropsysteem préfintyf ûndersiik op baarmoederhalskanker 87/11 13. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar in bydrage (ienkear) oan it CEVAN 87/12 14. Utstel oangeande de nije mienskiplike regeling Regio Fryslân-Noard 87/13 15. Utstel oangeande in antidiskriminaasje-bepaling yn gemeentlike subsydzje-oarderings 87/14 16. Begruttingswizigings Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 26e jannewaris 1987 foar de leden van de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 1