LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Stiens, 25e septimber 1987 Underwerp Riedsgearkomste Oan de gemeenterie Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de le oktober 1987 bij te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster H. BOSCHMA Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. van it utstel 1. Fêststelling fan de beslutelist van de riedsgearkomste fan de 3e septimber 1987 2. Ynkommen stikken en meidielings 3. Utstel oangeande it ferlienen fan meiwurking oan it bestjoer fan de Feriening foar Kristlik Underwiis te Britsum foar it utwreidzjen fan de besteande skoalle, de Foarikker te Britsum 4. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Koarnjum foar de bou fan in garaazje oan de Martenâwei te Koarnjum 5. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan butengebiet foar de bou fan in garaazje oan It Tichelwurk te Stiens 6. Utstel oangeande it oankeapjen fan in stikje grûn fan de Feriening foar Kristlik Underwiis te Britsum 7. Utstel oangeande it wegerjen om meiwurking te ferlienen ta it wizigjen fan it bestimmingsplan Stiens-doarp 8. Utstel oangeande it nimmen fan in beslissing op yntsjinne beswier- skriften tsjin it beslut y.nsake de oanliz fan ûntslutingsdyken ensf. yn it nije bestimmingsplan Koarnjum 9. Utstel oangeande it wegerjen om meiwurking te ferlienen ta it fer- keapjen fan de ûndergrûn fan de eardere beukerskoalle de Sprong te Britsum en it pleatslik wizigjen fan it bestimmingsplan 10. Utstel oangeande it foarriedich fëststellen fan de jierrekken 1986 fan it fersoargingstehûs Skilhiem te Stiens 11. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanskaf fan meubilèr 87/100 87/101 87/102 87/103 87/104 87/105 87/106 87/107 87/108 87/109 12. Begruttingswizigings Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 28e septimber 1987 foar de leden fan de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1987 | | pagina 1