LEEUWARDERADEEL GEMEENTE^ Agindapunt 5 Foarstelnd.94/5 Stiens, 20 jannewaarje 1994 Underwerp gemeentlik miljeuplan regionaal miljeu-kaderplan Oan de gemeenterled Yn it 6frdne j ier binne yn de regio Noard-Frysl§n de gemeentlike miljeu- plannen en it regionale miljeu-kaderplan opsteld. Hjirby lizze wy beide planteksten oan jimme foar. It regionale plan is in dtwurking fan it j inge dat dt de gemeentlike plannen as (mooglike) regionale taken nei foaren komt. Basis d§rfan foarmet it al besteande takepakket en ofspraken dellein yn de notysje Yntergemeentlike Gearwurking (de IGS-notysje) De dntwikkeling fan de plannen is begelieden troch in projektgroepDer hawwe sit yn: wethllder Glas en de hearen J. Kingma, B. Grit, H. Slot en H. Hiemstra. De ofdieling finansjes hat hyltyd behelle west yn de fuortgong fan it projekt. De kommisje D.O.W. waard fia har foarsitter fan de fuortgong op'e hichte holden. Yn de kontakten mei de gearstaller fan de plannen, advysburo DHV Miljeu- en ynfrastruktuer B.V., is besocht it plan te stjoeren nei in foar ds gemeente wurkbere foarm; it plan hat dan ek it karakter fan in dtfieringsprogramma krigen. Beliedsdntwikkeling oant no ta: 1. BUGM-taken; Yn 1989/1990 waard troch us in fersyk yntsjinne om yn oanmerking te kommen foar in bydrage op grdn fan it Bydragebeslut Utfiering Ge meentlike Miljeutaken. De bydrage waard ferliend foar it yntiids op it winske nivo bringen fan in tal basistaken, te witten: a. de (doetiidske) Hinderwet; b. de Wet Gemyske Offalstoffen; c. de gemeentlike Utwetteringsoardering; d. it ta fersjoch op net-hinderwetplichtige oaljetanks. Mei it oanfregen fan de bydrage hat de gemeente him ferplichte om de efterstan foar dy basistaken wei te wurkjen foar 1 jannewaarje 1995.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 29