5 2. NMP(+)-taken (Nasjonaal Miljeubelieds Plan); Yn 1992 waard foar de perioade fan 1992/1994 troch lis in fersyk yntsj inne om yn oanmerking te koramen foar in bydrage op grOn fan it Bydragebeslut Iepenbiere Lichems Wet Algemiene Bepalingen Miljeu- hygiSne. Dy bydrage is bedoeld as temjittekomming yn de kosten ferbCln oan it nimmen fan ekstra personele foarsjennings yn de gemeentlike organisaasje, ferban haldende mei de Citfiering troch de gemeente fan it NMP en it NMP+. De basis foar dy oanfraach wurdt foarme troch in totaal oersjoch oan taken, it saneamde "Kriiskesplan" Mei it oanfreegjen fan dy bydrage hat de gemeente him ferplichte ta it htfieren fan de yn it bedoelde skema opnommen taken binnen de deryn oanjdne jierren. Binnen dat skema is it wol mooglik om mei taken te skowen. Yn de jierlikse ferantwurding oan de gemeenteried (VROM leveret der it formulier foar) moat de fuortgong oanjdn wurde. Ofwikings fan it oarspronklike skema binne mooglik, mits goed formulearre. Dat pro- gramma hat ek as "eindatum" 1 jannewaarje 1995. 3. Yntergemeentlike gearwurking; Foar strukturele (regionale) gearwurking wurdt op de bydragen in taslach jOn fan 25%. Wy krije dy bonus ek foar de gearwurking yn de Regio-Noard-Fryslin. Ta fersterking fan dy yntergemeentlike gearwurking waard yn 1992 as plan fan oanpak de saneamde IGS-notysje presentearre en oannommen. DSrmei gong de gemeente akkoart mei it foarstel om de fergunningfer- liening en hanthavenjen fan kat. 4-bedriuwen oer te dragen oan it gearwurkingsferban en waard besletten de miljeuadvystsjinst fan de Regio lit te wreidzjen mei in hanthaveningskoordinator en in kreft foar it stimulearjen fan ynterne miljeusoarch by bedriuwen. Boppeneamde besliitfoarming foarmet de basis foar de fierdere htwur- king fan it takepakket yn de no foarlizzende miljeuplannen. De taken en de d§roan te ferbinen prioriteiten en ek de personele en finansje- le konsekwinsjes binne ferskate kearen troch de projektgroep kritysk besjoen en oanpast oan de foar lis meast winsklik achte sitewaasje. Wy tinke dat de no foarlizzende plannen dan ek foldwaande Qnderboud binne om ta besliitfoarming oer gean te kinnen. De plannen en ek in taljochting dir op lizze op besjen. Foarstel 1. Oer te gean ta it feststellen fan it gemeentlike miljeuplan mei it betinkst dat foar de ynfolling fan de ekstra nedige personele kapasi- teit op it buro ABJS d§r't miljeu Cinder fait, titgong wurdt fan in (trochsneed) ferlet oer de kommende jierren fan meiinnoar 1.5 for- maasjeplak, eksklusyf belied en management. 2. Oer te gean ta it f§ststellen fan it regionale miljeukaderplan mei it betinkst dat de besliitfoarming oangeande de te hantearjen finansjele ferdielkaai en de litwreiding fan de personele kapasiteit by de miljeuadvystsjinst mei 1.5 formaasjeplak utsteld wurdt oant in lettere datum yn 1994.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 30