6
LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
Agindapunt 6
FoarstelnCl. 94/31
Stiens, 24 maart 1994
Underwere
grdntransaksjes foar it
ferlizzen fan de oansluting
Hi j urn
Oan
de gemeenteried
By it dtfieren fan de oanlis fan de parallelwei Stiens-Hijum hat bliken
dien dat by de rekonstruksje by de yngong fan it doarp Hi jum troch de
provinsje grCln oankocht wurde moast fan de hear M.R. Brinkman, de Terp 9 te
Hijum.
Om reden fan winske privacy stelde Brinkman as betingst it delsetten fan in
hiemdffreding (skud)ek oan'e efterkant fan syn hiem, dat oan iepenbier
grien fan de gemeente leit.
Om no meiwurking oan de plannen fan de provinsje ferliene te kinnen, is it
nedich dat de gemeente in perseelpart iepenbier grien ferkeapet oan de
provinsje, dy't dat op har beurt dan wer yn ruil en eigendom oerdrage sil
oan de hear Brinkman. It is lykwols wol fan belang dat der in saaklik
rjocht festige wurdt oangeande de riolearring dy't yn de te ferkeapjen grdn
leit.
Kosten fan de hiele transaksje komme foar rekken fan de provinsje. Fierder
hawwe Deputearre Steaten en de hear Brinkman ynstimd mei de betingsten foar
it oangean fan dy transaksjes troch de wei fan in oerienkomst dy't foar
jimme op besjen leit. De kommisje D.O.W. giet ek akkoart mei boppesteande
Wy stelle jimme foar om ta ferkeap te besluten.
Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel
de siktaris,
de boargemaster,
J.J. KINGMA
MR. C. BIJL