7
LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
Agindapunt 7
Foarstelnd.94/32
Stiens, 23 maart 1994
Underwerp
tastin sportfjild Hijum
Oan
de gemeenteried
Op fersyk fan de kuorbalklub "Mei Nocht en Wille" te Hijum is in dndersyk
ynsteld nei de tastin fan it sportfjild yn Hijum.
Dir hat bliken by dien dat de boppelaach tige "fet" is, it fjild lang net
sljocht is en dat de drainaazje safier tichtslike is dat ien en oar net
goed mear wurket. Dy ferfetting en drainaazje-problemen binne dntstien
trochdat by de oanlis fan it fjild te min ferskrale is en dat de mei de hin
leine drainaazje net flak genoch oanbrocht is. De dneffenheid fan it fjild
is feroarsake troch dngelikense settingen yn de rin fan de tiid. It fjild
is yn 1979 oanlein as "E-objekt".
Yn earste ynstinsje is besocht om de oerlist te ferhelpen troch wat ekstra
dnderhildsmaatregels te nimmen, mar dat hat net genoch uthelle. Der moat
konkludearre wurde dat eins allinnich troch renovaasje fan de drainaazje en
de boppelaach it sportfjild foldwaande ferbettere wurde kin.
It renovaasjewurk sil bestean dt it ferfangen fan de besteande drainaazje
troch in nijen-ien, der't it frijkommene drainaazje-sin by brdkt wurdt; it
losmeitsjen fan de boppelaach en it egalisearjen derfan; it oanbringen fan
3 sm. ferskralingssin en it ynsiedzjen fan it gehiel.
De kosten fan dy leveringen en it wurk binne skatten op f 20.000,-- ynkl.
b.t.w. Mei it each op de tastin der't de boppelaach fan it sportfjild yn
ferkeart en rekken hildend mei de winsk fan de kuorbalklub "Mei Nocht en
Wille" om dir sa gau mooglik ferbettering yn oan te bringen, is it nei ds
betinken needsaaklik om op koarte termyn de foarstelde renovaasje dt te
fieren.
Wy stelle jimme derom foar om it sportfjild yn Hijum op koarte termyn te
renovearjen en der in kredyt fan f 20.000,-- foar beskikber te stellen.
Boargemaster en wethilders fan Ljouwerteradiel
de siktaris,
de boargemaster
J.J. KINGMA
MR. C. BIJL