A
GEMEENTE 1
LEEUWARDERADEEL
Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 22 febrewaris 2001.
Oanwezich: de froulju F. Haites, D. Dijkman, J.M. Oppenoorth en de hearen J.W.
Admiraal, B.H. Klaassens, F. Dijkstra, D. Bijlsma, R.A. Ketellapper, W. Ekas,
J. Stienstra, B. Lageweg, S. Roosma en A. Elgersma en de wethalders J.S. Keizer en
C. Vos.
Foarsitter: Mefrou W. Chr. Vroegindeweij
Siktaris: de hear J.J. Kingma
Ban II - 0000 m
0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0
1. Ferklearring en unthjit fan de hear D. Bijlsma.
Nei it oflizzen fan ferklearring en unthjit is de hear Bijlsma beedige riedslid en
wurdt hy lokwinske troch de oare leden fan de rie.
2. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan 18 desimber 2000.
Ferkeap/ferhier grienstripen (punt 10).
Der makket de hear Dijkstra noch de folgjende opmerkings oer:
De FNP wie by pt. 2 tsjin ferkeap en ek by de punten 9 en 18 wie it stanpunt om net
te ferkeapjen.
Oer it beslut oangeande de oanfraach fan de bewenners Roptastins 18-28 (oanhalde)
bestiet noch undudlikens en derom sil de beslutfoarming nochris neigien wurde.
De moasje fan de PvdA oer iepenbier grien sil yn ien fan de earstkommende
kommisjegearkomsten oan 'e oarder steld wurde.
3. Ynkommen stikken en meidielings.
2001/1 - 197 m.
De brief fan de hear Postma oangeande de Fryske wetternammen sil yn kommisje III
oan 'e oarder steld wurde.