Nei in wiidweidige diskusje oer dit punt wurdt oergien ta stimming.
In moasje fan de WD oangeande oerflakten fan bouperselen en gebouwen yn it
butengebiet wurdt troch de oare fraksjes fersmiten (14-1 stimmen).
It ustel fan it kolleezje wurdt dernei oannommen mei 9 stimmen foar en 6 tsjin.
GBL, CDA en WD binne foar, FNP en PvdA binne tsjin.
Stimferklearrings wurde oflein troch de hearen Bijlsma en Roosma.
11. Feststellen fan it bestimmingsplan Feinsum.
2001/9 - 1694 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Dijkman, Haites en de hearen Roosma,
Lageweg, Dijkstra en de foarsitter.
It utstel fan it kolleezje wurdt oannommen mei 11 stimmen foar (fraksjes GBL,
CDA, WD, FNP) en 4 stimmen tsjin (fraksje PvdA).
Stimferklearrings wurde oflein troch de hearen Admiraal en Dijkstra?
12. Beskikber stellen fan kredyt foar de ferbouwing fan IBS de Jint yn Stiens.
2001/10 - 2165 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch Stienstra, Roosma, Dijkstra, Admiraal, Ekas,
Klaassens, wethalder Keizer en de foarsitter.
De foarsitter jout oan dat it hjir net allinnich om de Jint giet en dat it underwerp
feroare wurde moat yn: Beskikber stellen kredyt foar utwreidingsplannen
iepenbier underwiis yn Stiens.
It utstel wurdt oannommen mei 13 stimmen foar en 2 stimmen tsjin.
De fraksjes fan GBL, CDA, WD en PvdA binne foar, de fraksje fan FNP tsjin.
De hear Dijkstra jout yn in stimferklearring oan de FNP net tsjin utwreiding is mar
tsjin de wize werop; it kin neffens him goedkeaper.
13. Ferkeap wenning Truerderdyk 9 yn Stiens.
2001/11 - ban II 420 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch frou Haites, de hearen Ekas, Bijlsma, Roosma,
Ketellapper en de foarsitter.
Yn de diskusje dy't untstiet docht bliken dat der noch in soad iepen fragen binne en
derom wurdt it stik oanhalden en komt it wer werom yn kommisje III.