De hear Doting (WD): Als de loods meer voorop zou komen heeft men daar dan geen bezwaar tegen? De hear Spoelstra: Dan vervalt de opmerking van de commissie dat het laden en lossen moet plaatsvinden op het eigen terrein. Dat kan dan niet meer. De hear Ekas (GBL): De loods past niet in het beeld van de straat daarbij uitgaande van 18m. De SRV-wagen zou niet aan de weg moeten staan voor het laden en lossen. Dat was het uitgangspunt van de commissie. De hear Dijkstra (FNP): Werom moams of juns let losse? Hoe lcomt men oan dy gegevens? De hear Spoelstra: De SRV-wagen zal volgens hem vroeg op pad gaan en dus ook vroeg laden. De hear Swart: Syn betooch komt hast op itselde del as dat fan de hear Roorda. Der bliuwt net folle fan de breedte oer. Men soe boargers mear beluke by de polityk. Der soe earst in loads mei in nokhichte fan 8m komme en dat waard samar werombrocht nei 5m. It kin neffens him om de ferkearsfeiligens net, want der leit in skoalle yn de buert en de dyk is frij smel. Hy giet derfan ut dat men moams lade moat. Mei alle lawaai dat der by komt. It soe him spite as der in fergunning ofjun wurdt. Der is ek gjin garansje foar wat der letter komt. It stiet midden yn in wenwyk en in bedriuw heart neffens him thus op in yndustryterrein. De hear Hansma: Sprekt yn op punt 14 (opslachromte Jelsum). Op 15 desimber binne de lceatsklup, de fuotbalklup en de feestferiening by inoar west. De trije partijen hawwe 6 jannewaris wer om tafel west mei wethalder Keizer. Der soe in utwurking komme, mar hy hat der noch neat fan heard. Hy hearde oer de ferskowing nei 2007. Dat liket him wol goed ta, want dan kin men it better tariede. Hy hat kontakt han mei minsken fan de trije ferienings. De keatsferiening wol plan A trochfiere mar men hat gjin jild foar in brege. As dat wol realisearre wurde kin dan hawwe sy gjin probleem mei plan B. De feestferiening hie gjin probleem mei plan B. De fuotbalferiening hat in foarkar foar plan B. As it achter de kantine komt dan kinne der trije ferieningen mei elkoar oan de slach. Hy hat ek kontakt han mei DB. Dy wie lykwols yn prinsipe gjin partij. Men soe lykwols plan B stypje kinne. It wetterskip is ek partij en dy woenen wol meitinke oer de plannen: in daam/brege opskowe nei it westen sadat men de sleat knap hekkelje kin. De finansiering fan de brege soe foar 2006 in probleem weze. Ferskowing nei 2007: Men hat as keatsklup dan ek mear finansjele middelen en dan kin men alfest begjinne mei it gebou. De hear Doting (WD): Der is in oanfraach fan de twa ferienings. Hoe tinke dy deroer? De hear Hansma: Yn it oerlis fan 15 desimber is hy oanwiisd om har te fertsjintwurdigjen. Mefrou Haites (CDA): It gie oer trije ferieningen. Sy mient dochs it sinjaal fan de keatsferiening krigen te hawwen dat men mei de bou gau ut ein sette wolle. De hear Hansma: De keatsklup wol yndied graach trochpakke. As foar it keatsseizoen 2007 it brechje der leit dan hat de keatsferiening der gjin inkeld probleem mei. 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2006 | | pagina 12