De hear Ketellapper(GBL): Hy tinkt dat de oare oplossing better is as it earste foarstel. Der is gjin oanfraach foar subsydzje. No komt der ynienen in brechje yn byld. Kin men yn 2007 hielendal ut de finansjes komme? De hear Hansma: Foar de brege of it hokje? De hear Ketellapper(GBL): Der wie earst allinne in oanfraach foar in fergunning foar it hole. Dan komt demei foar de gemeente in kosteplaatsje yn byld. Wat kin men sels bydrage? De hear Hansma: Doe't it foarstel kaam om achter de kantine te bouwen woe de keatsferiening wol meiwurkje as der in brechje komme soe. Doe kaam DTD ek yn byld. Men koe better mei trije partijen ien gebou delsette. Dy fraach is dellein by de gemeente en dy antwurde dat der gjin jild foar de brege wie. Yn 2007 is dat jild der miskyn wol. De hear Roosma (PvdA): As it serieus is tusken de trije partijen, lukt de keatsferiening dan de bou-oanfraach yn? De hear Hansma: Dat is net mei safolle wurden sein. Mocht it foar 2007 komme dan hat men gjin probleem mei plan B. 5. Fragehealoere riedsleden De hear Doting (WD): Alle raadsleden hebben in brief krige fan de Tibet Supportgroep Nederland. Dy wol graach dat der op 10 maart op it gemeentehus flagge wurdt ut solidariteit mei Tibet. De WD wol dat inisjatyf graach stypje. Boargemaster Ter Keurs: Hij kent de brief niet, maar hij vindt het een sympathiek idee. Er blijkt een raadsbrede steun te zijn om hieraan te voldoen. De hear Ketellapper(GBL): Hy fynt it spitich dat it oerlis mei de hear Tienstra mislearre is. Men moat by sokke petearen goed fan tefoaren ynskatte wat der barre kin en in bepaalde sfear kreeare. Hy wol de saak mei de grun yn Aide Leije better regele hawwe. De ambulanse kin net by bepaalde huzen oan de Dokkumer Ie komme. Hy hat der alle war foar dien om dat yn oarder te krijen, mar it slagget net sa flot. Wethalder Keizer: Oangeande Aide Leije: men sil besykje ien loket te krijen foar fergunnings. It doarp wol dat der nochris nei in grinskorreksje sjoen wurdt. Hy wol dat undersykje. By de Dokkumer Ie lans rint in fytspaad. Der komme ek auto's en it wurdt der ferriden. Sa gau it waar it talit wurdt der nei sjoen. Mefrou Haites (CD A): It CD A wol wat oan de feilichheidsituaasje dwaan by Doniastate. Sy sprekt har kompliminten ut foar it fytspaad. Deselden dy't lykwols nei de bemebuorkerij wolle, moatte dan noch in stikje oer de Truerderdyk en dat is in gefaarlike situaasje. Kin it fytspaad in eintsje trochlutsen wurde? De wethalder soe deroer yn konklaaf gean moatte mei Doniastate. Wethalder Keizer: Hy kin de situaasje net sa krekt, mar hy wol demei sjen. Mefrou Visser (PvdA): Hat fragen nei oanlieding fan in brief fan bewenners fan it Skutsje. 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2006 | | pagina 13