wenning dan wol in diel fan de bedriuwsbestimming fan it bedriuw derof. Der binne blykber ferlcearde krachten dwaande. Men soe it bestimmingsplan feststelle moatte sa't it foarleit. En demei in mediator ynhiere om it probleem fan de jachthaven op te lossen. Ien dy't de belangen fan de ferskillende partijen respektearret. Alle trije partijen moatte ree weze om der mei dy mediator ut te kommen. De hear Dijkstra (FNP): De FNP hat op himsels gjin probleem mei de 5m. Hy freget him of oft it wol kategory 2 is. De 150m2 mei om him wol stean bliuwe. Lit it syn rjochtsgong hawwe. De jachthaven: It hierkontrakt en de iepenbierheid fan it wetter kin men letter noch wol oanpaklce. De FNP kin mei it bestimmingsplan sa't it foarleit akkoart gean. De hear Ketellapper(GBL): Der sil mei de minsken praat wurde moatte en dan sjocht men wol wat der utkomt. It giet him te maklik om de saak fan de jachthaven it by in mediator del te lizzen. Dat is net earlik foar de minsken dy't der mei te set west hawwe. Men moat de ferhalen fan de trije partijen better by elkoar krije. Wethalder Keizer: Men is weromkeard nei it plan sa't it earder foarlei. Der stiet net in wizigingsfoech yn (om fan it bedriuw of fan in diel fan it bedriuw in wenning te meitsjen). De hear Roosma (PvdA): De ried stelt amendeminten en moasjes op skrift. Hy moat no beslute oer saken werfan't hy de ynformaasje helje moat ut in kaartsje by in ferslach. Hy sjocht gjin oar beslut fan it kolleezje. En dat is ynklusyf it wizigingsfoech. Wethalder Keizer: Men moat it helje ut de kaart. Dat hie er miskyn better fan tefoaren oanjaan kinnen. De hear Roosma (PvdA): Der wurdt gjin romtlike argumintaasje jun en dat giet him te koart troch de bocht. Seker net as men tinkt oan de underbouwing dy't der earder wie. Mefrou Haites (CD A): It CD A hat der in protte muoite mei om de loads yn de Jellingastrjitte ta te stean. It soe ek om kategory 2 gean. Alles oerweagjende is it CD A tsjin de punten 1 en 2 (sub 2) fan it bestimmingsplan. De jachthaven: De CDA-fraksje is fan miening dat it spitich is dat der gjin oerienstimming is. Der is noch in hi el protte friksje. Der soe noch tiid weze om de problemen mei it wetter op te lossen. It CDA wol net werom nei it aide plan. Men is derfoar dat de mooglikheid der bliuwt om by wiziging der in wenning ta te stean. By in wenning is der troch de miljeusirkels in beheining foar it bedriuw. Der wurde mear lisplakken frege as der no oanwiisd binne. De hear Tienstra hat de lisplakken nedich foar de bedriuwsfiering. De Klompskippers ferhiere plakken en de hear Tienstra hat in bedriuw der't boaten lizze foar underhald. It soe dan om kategory 1 gean. De hear Doting (VVD): Hy nimt oan dat de brief fan it hiele kolleezje utgongen is. De WD hat fierder gjin problemen mei de saak fan de hear Deelstra. De jachthaven: Men soe it yn eigen hus miskyn oplosse kinne. De tiid sil dat leare. It rint it bestimmingsplan net foar de fuotten. De wenning is der op fersyk fan de hear Tienstra ynkommen. Hy kin him foarstelle dat it kolleezje nei de aide situaasje weromgiet as dat ferlet der dus blykber net mear is. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2006 | | pagina 19