Er wordt conform het voorstel besloten (met de gewijzigde kaart).
14. Frijstelling kest 19/1 WRO opslachromte Jelsum
Wethalder Keizer: Men hat de hear Hansma heard en dy hat goed nei him harke. Der wienen
al kontakten mei it wetterskip dy't mear heil seach yn in daam. Hy hat kommunisearre mei de
keatsferiening en de fuotbalferiening. Men sil de ried freegje om by de begrutting fan 2007
romte te fmen foar in bydrage foar in daam. De keatsferiening hoegde ek net foar 2007 te
bouwen. Hy wol de ried foarstelle om it foarstel werom te nimmen want oars soe der in bou-
oanfraach komme kinne. As de ried akkoart giet mei it nije foarstel fan it kolleezje, dan giet
de keatsferiening akkoart mei it net yn stimming bringen fan de frijstelling.
De hear Ketellapper(GBL): Hy soe it net moaier en better sizze.
De hear Elgersma (GBL): Hy soe wol witte wolle wat de kosten weze sille.
Wethalder Keizer: De kosten wurde rusd op 10.000 euro en hy hat de ferienings frege om in
eigen bydrage, De keatsferiening wol werom nei it eardere plan as it net trochgean soe.
De hear Tuininga (FNP): De FNP is wiis mei de oanpak.
De hear Roosma (PvdA): Wer beslut men no oer? It kolleezje kin it better ynluke en yn de
hjerst mei in foarstel komme. Sa komt der in claim op de begrutting.
Wethalder Keizer: De ried kin der earst wat fan sizze. En demei kin it pas weromlutsen
wurde. Der moat in tasizzing komme dat der romte komt.
De foarsitter: Het voorstel van de wethouder is dus dat het voorstel ingetrokken wordt.
De hear Doting (WD): Kin dermei ynstimme.
Mefrou Haites (CDA): Kin dermei ynstimme.
De foarsitter: Concludeert dat het voorstel ingetrokken wordt.
15. Frijstellingsproseduere Skeltedyk 3 yn Koarnjum
De foarsitter: Hij constateert dat het raadslid Ketelapper, die de bouwaanvraag gedaan heeft,
de vergadering verlaat.
De hear Roosma (PvdA): Men wie frij kritysk oer it ferhaal. Neffens it bestimmingsplan
moast in part frij fan opslach weze en saken moasten yn oerienkomsten festlein wurde. Dat
wie net it gefal. Der binne feitlik twa oanfragen fan gjin beswier. De twadde hat te meitsjen
mei de frijstelling fan opslach fan materiaal. It kaartsje giet no wat rommer om de pleats. Mar
it giet no foar in diel buten it gebiet om der't it bestimmingsplan fan seit dat der gjin opslach
komme moat. It is neffens him in soart wikseljild. It gebiet hie under it bestimmingsplan falle
moatten. De PvdA is tsjin it foarstel.
Mefrou Haites (CDA): It CDA is foar it foarstel. Der wie noch wat betizing oer de arsearring.
Wannear't der in loads komme soe dan soene de auto's sa folle mooglik binnen opslein
wurde. Sy hat der betrouwen yn dat dat ek bart.
18