- Oanbestegings fan de léste pear jier. By de ferbou fan de Skalm hat it kolleezje meardere flaters begiert; alles wat hjir mar ienichsins mis gean koe, gie hjir ek mis (sjoch rapport GBL en FNP). It kolleezje hie mei syn oanbestegingsbelied dit work 1 op 1 oanbestege kinnen want it siet fier under de drompel fan 150.000 Euro mar dan hie men in probleem han mei de utsunderingsregel. Deselde utsunderingsregel dy't it kolleezje tapast hat by Oosterhof Holman, in wurk oan de Lege Hearewei yn Stiens, hie men ek tapasse kinnen by de ferbou fan de Skalm en dan hie in oare oannimmer dit putsje dien. It kolleezje hat yn al syn wiisheid miend om dochs by de Skalm mearfaldich ünderhans oan te besteegjen, net beseffende hoe men fierder alles regele en/of net regele hie mei de konsekwinsjes dy't dêr dan ek by hear den. By itfuot-fytspaad Jelsum-Stiens wit de ried op dit stuit noch net foar hokker bedrach de oannimmer it wurk ütfiere sil of ütfierd hat wylst it wol om in bedrach giet fan boppe de 50.000 Euro. De finansjele feroardering is foar it gemak mar wer ejkes oan 'e kant skood troch it kolleezje. Oosterhof-Holmanit wurk oan de Lege Hearewei yn Stiens; hjir hat it kolleezje op foarhan mar gebrük makke fan de utsündering by de 1 op 1 oanbesteging want men hie dit bedriuw frege om in priis en doe koe men net mear sizze dat der dochs noch oanbestege wurde moast tsjin dit bedriuw. Kreatyfhanneljen mei de utsunderingsregel leveret dan ek it "gewenste" resultaat -de boargemaster hat it oer "De firma is bekend met de situatie en deze firma kan het dit jaar nog afinaken. Dat laatste was het belangrijkste argument van het college". -In wethalder fielde wol oan dat dit foul gean soe en kaam doe noch mei in üntsnappingsklausule dy't te lézen is op side 10 (dit is in eigen üntsnappingsklausule fan it kolleezje dat in ynterpre- taasje is fan de utsunderingsregel). Konklüzjes en oanbefellings -Nei it rapport oer de Skalm hie de boargemaster it deroer dat it rapport in goed leannomint wie foar it kolleezje; it docht bliken dat der gjin goede learders binne yn it kolleezje. -Ljouwerteradiel hat noch ien jier te gean, dat it kolleezje moat sa gau as mooglik it ynkeap- en oanbestegingsbelied fan Ljouwert oan de ried oanbiede om it ferfolgens ek troch de ried fest stelle te fitten want dan past it oanbestegingsbelied wer by de finansjele feroardering fan Ljouwerteradiel. (alteast itjinge oer it oanbesteegjen fan "Werken") -Foar transparansje ijochting "derden" en de bütenwacht is it winskfik dat it kolleezje it nije ynkeap- en oanbestegingsbelied op de gemeentlike website set om dêrmei de skyn foar te kommen dat ien en oar der stikem om ta giet yn Ljouwerteradiel. -Prosedueres oangeande it oanbesteegjen en de ütfiering fan "Werken"; it soe better wêze dat it kolleezje dizze saken ünderbringt by Ljouwert of by bedriuwen dy't soks oantoanber ek dwaan kinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 72