De hear Dijkstra (FNP): Dat klopt. Men hat buten de wet om hannele. De hear Tilma (CDA): As men buten de wet om giet dan hie men neffens him binnen it hüs reageare moatten. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat doedestiids miskien ek wat te nayf west. Utfiering is der altyd as der wat oanbestege wurdt. De ried is dus wol foar transparansje. Men moat jin halde oan de demokratyske legitimaasje, dêr't in bepaald riedslid sa faak mei skermt. De ried sit der net foar it kolleezje mar foar de boarger. Wêrom is der nea in nij oanbestegingsbelied fêststeld? Hy nimt dat it kolleezje kwea öf. As it kolleezje buten de wet om hannelet dan is dat in kwealike saak. Men moat net alles samar gewurde litte. De hear Tilma (CDA): Watfoar advys jout it kolleezje? De hear Dijkstra (FNP): It béste advysorgaan is de VNG. As men in flater makke hat dan moat men dy goedmeitsje. En dat moat neffens de FNP yn de ried barre. De hear Tilma (CDA): Dan moat it wol proporsjoneel wêze. Men moat der pragmatysk mei omgean. De hear Tuininga (FNP): Der wurdt no yllegaal hannele. Wie it kolleezje har bewust fan de ferkearde wize fan oanbesteging fan it fuot-en fytspaad? De foarsitter: De raad heeft erover gediscussieerd. De standpunten zijn duidelijk over en weer. Hij stelt de raad het volgende voor. Volgens de FNP heeft het college buiten de wet om gehandeld. Dat is een zware aantijging. Het college zal zich daarin verdiepen en aangeven binnen welk wettelijk kader de aanbestedingen hebben plaatsgevonden. De hear De Kroon (PvdA): Hy kin him yn dat léste net fine. It is net in diskusje mei it kolleezje. It giet earst om it stanpunt fan de ried. As de ried ta de konklüzje komt dat it ünrjochtmjittich is en buten de wet dan pas is it kolleezje oan set. Hy stelt in twadde termyn foar. Twadde termvn De hear Ekas (GBL): Het gaat om de normbedragen. Als je daarnaar kijkt dan is men formeel niet goed bezig geweest. Men kan dat simpel oplossen door de bedragen aan te passen. De hear De Haan (GBL): Hij waardeert de toezegging van het college om na te gaan of men wettelijk gehandeld heeft. Hij betreurt de opmerking van de heer De Kroon om die toezegging van tafel te vegen. De foarsitter: Als de raad eerst nog over het punt van de heer De Kroon wil discussiëren dan wil hij wel graag aan het einde van de discussie weten welke vragen de raad dan eventueel nog voor het college over heeft en wat het college verder moet doen. De hear De Kroon (PvdA): It kolleezje is net buten de wet om gongen. De ried hat trije kear it nije belied foar kundskip oannommen. Hy is fan miening dat it dêrmei troch de reid fêststeld is. De PvdA hat gjin ferlet fan in fierder undersyk. De FNP hat earder fragen oer dizze saak steld yn 2016. Dér hat men doe yn in memo mei bylagen antwurden op krige, ynklusyf it oanbestegingsbelied fan 2014. En dér sitte noarmen yn dêr't de FNP it oer hat. De hear Dijkstra (FNP): En doe is er yndachtich wurden fan wat der hjir barde. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 75