1| «GEMEENTE
rfl Leeuwarderadeel 5
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 22 juny 2017 om
19.30 oere yn it gemeentehüs fan Stiens.
9. 'Leeuwarderadeel over uit'
De hear Ekas (GBL): Als je het goed wilt doen dan zou het ook wat meer mogen kosten. Wie komt
nog naar het vuurwerk kijken op Oudejaarsavond? Het herdenkingsboek en het gedenkteken zijn
voor GBL wel wenselijk. Een ander voorstel is vanwege de kosten afgewimpeld. Geef daar invulling
aan en schaf het vuurwerk af.
De hear Tilma (CDA): Men hat in kommisje üt de befolking frege om mei in plan te kommen. Dat leit
hjir foar en it CDA kin har dan ek yn it foarstel fine.
De hear De Kroon (PvdA): Hy kin mei it léste ynstimme en dus ek mei it foarstel en mei de trije
underdielen. Der moat yn de glossy op syn minst wat sein wurde oer de skiednis fan de gemeente
Ljouwerteradiel. Stiens komt der yn de glossy yn ferliking mei de oare doarpen wat suterich fanóf.
De hear Van Diggelen (WD): De projectgroep komt met voorstellen en het college heeft een keuze
gemaakt. Voor de WD hoeft een vuurwerk ook niet. Is het voorstel conform de wensen van de
commissie?
De hear Tuininga (FNP): De boarger moast derby belutsen wurde. De FNP hie it wat breder sjoen. Hy
fynt it net in goede saak dat der foar 15.000 euro de loft yngiet. Hald it stik oan. Stiens soe wat mear
omtinken krije moatte yn de glossy.
WethalderVos: Hy fernuvert him tige oerguon makke opmerkings. Boargerpartisipaasje stiet heech
op de aginda fan it kolleezje. It proses hat mear as in jier koste. Alle organisaasjes binne doedestiids
ütnoege. En der hawwe twa moaie gearkomsten west. En no komme guon fraksjes mei krityk. De
kaders wienen ü.o. dat it foar de hiele befolking is en dat der ek wat bliuwends komme moast. It
kolleezje nimt de ideeën fan de kommisje mei en dêrnei stelt it kolleezje fêst wat de finansjele
gefolgen binne. As men it dizze jün no net fêststeit dan giet it net troch. Want dan komt men boppe
de 50.000 euro.
Der is yndied wat skrast troch it kolleezje (in feest fan 80.000 euro yn de sporthallen). Dat soe dan yn
Stiens plakfine en it is net foar de hiele befolking en dêrom is it öfwiisd.
De glossy is fan grut belang en it fjoerwurk is bedoeld foar de hiele befolking. Hy leit de klam derop
dat it om sierfioerwurk giet.
Der sit skoromte yn de ynfoiling fan glossy. It giet no om it fêststellen fan it budzjet en fierder nimt it
kolleezje de suggestjes mei. Der is al in wiidweidich boek (Ljouwerteradiel) fan de hear Abma oer de
skiednis fan de gemeente. De beskriuwing dêryn rint oant 1983. Yn de glossy giet it dan om de
perioade dêrnei.
De ütwurking fan it betinkteken stiet noch net yn it foarstel.
it feest is der dus troch it kolleezje uthelle.
1