De hear Tigchelaar (CDA): It soe neffens guon fraksjes te let wêze. De oergong nei Ljouwert moat goed ferrinne. It earmoedebelied is tige wichtich. It is ek in lanlik probleem. Dat moat men goed yn byld krije, want it binne net allinne minsken d/t yn de bystan sitte. Ferline jier hat men in nulmjitting han. Dat hat hiel wat wurk west om it represintatyf te krijen. Der is wat kommoasje by it gebietsteam. Hy tinkt dat sa'n nulmjitting no net safolle doel hat. Mei in goed ündersyk kin men oan Ljouwert trochdwaan wat der op it mêd fan earmoed yn de gemeente spilet en dat kin ek in oanbefelling foar Ljouwert wêze. De hear De Haan (GBL): Hij vraagt zich af of met het huidige beleid wel kan vaststellen of men de juiste mensen wel bereikt. De hear Tigchelaar (CDA): It CDA hat it idee dat men der hjir te min sicht op hat. Der mei men bést wat jild foar reserveare om in renommeard buro ündersyk dwaan te litten. In diel fan de bestimmingsreserve binnen it sosjaal domein soe men derfoar brüke kinne. De hear Van Diggelen (VVD): Men kan het geld voor het onderzoek naar zijn mening beter besteden aan de doelgroep voor het einde van het jaar. De hear Tigchelaar (CDA): Dêr hat er no gjin ideeën oer. Neffens him wurket de bysündere bystan no al frij goed. Wethalder Vos: Yn 2018 wurdt de nije gebiets- en doarpenteams in behoarlike frijheid jun foar eigen beliedsaksinten. It earmoedebelied yn Ljouwert is better ynrjochte op de alders en de bern as by de tsjinsten. Hy wit net hoe grut de stille earmoed hjir is. Dy sit net altyd by de bystansgerjochtigen. De bysündere bystan rint yndied goed. It giet üteinlik om it berikken fan de minsken op it goede plak. De foarsitter: Hij bengt de motie in stemming. De motie wordt met 3 stemmen voor (CDA 3) en 11 stemmen teeen PvdA 4. GBL 3. FNP 2 en VVD 2) verworpen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 279