O
VVD(?»0 Z \x* a)
QQl
Toegevoegd Agendapunt 18
Ljouwerteradiel
RAAD
22 juni 2017
MOTIE
Moasje frjemd oan de oarder fan de dei oangeande de harmonisaasje fan subsydzjes yn de
kulturele sektor yn de gemeente Ljouwert nei 1 jannewaris 2018
De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de gearkomste fan tongersdei 22 juny 2017,
yn berie nimmend datde nije gemeente Ljouwert in oergongsregeling fan 1 jier hantearret foar de
subsydzjes yn de kulturele sektor;
kulturele ferienings foar grutte problemen steld wurde om yn sa'n koarte
tiid harren finansjes op oarder te krijen;
dertroch it fuortbestean fan de kulturele ferienings yn gefaar komt;
de BV Sport yn Ljouwert foar de binnensporten in oergongsregeling
hantearret fan 3 jier en de kompensaasje yn dy 3 jier foar syn rekken nimt;
yn neifolging fan de binnensporten de kulturele ferienings holpen binne
mei in oergongsregeling fan 3 jier mei de subsydzjes sa't dy op dit stuit
binne;
fersiket it kolleezje: by it kolleezje en de ried fan Ljouwert der op oan te trunen dat de kulturele
sektor holpen is mei in oergongsregeling fan 3 jier mei de subsydzjes sa't
dy no yn Ljouwerteradiel binne;
de moasje under de oandacht te bringen fan it kolleezje en de ried fan
Ljouwert.
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Undertekene op 22 juny 2017 troch:
FNP-ffaksie
Folkert Dykstra
Jan Willem Tuininga