De hear Tigchelaar (CDA): Der is in regionaal undersyk geande. De ütkomsten fan it berie binne noch net bekend. It CDA wol earst mear gegevens hawwe foardat men in goed öfwoegen beslüt nimme kin. Hy is gjin foarstanner fan de metodyk om te driigjen mei in rjochtsgong as men net by it krüske tekent. It CDA giet akkoart mei it foarstel. Mefrou De Voogd (PvdA): De PvdA is akkoord met het voorstel. De hear Dijkstra (FNP): Fier en Radius wolle allinne in goedkarring fan de statuten. Dy kin men net öfkarje want dat hat de portefüljehalder ferkeard hannele yn it foartrajekt. De goedkarring fan de statuten is yn it belang fan it underwiis op it plattelan. As koepels ut inoar moatte, lykas it kolleezje stelt, dan soenen der mear koepels üt inoar moatte. CBO G2 komt bygelyks ek yn meardere gemeenten foar. It ministearje hat ek nea op sokke saken wiisd by gemeenten dy't mei weryndielings te meitsjen hat. It kolleezje wol Fier kapotmeitsje. Hy is ek bot skrokken yn de BOT-sesje. De gemeenteried soe noch hieltyd it skoalbestjoer wêze, waard dêr sein. De FNP is tsjin it foarstel. Wethalder Vos: De goedkarring fan de statuten leit foar. As de statuten krektsa wêze soenen as fan Fier dan hie men dat sa wol melden. Hy hopet dat sluting fan skoallen net oan de oarder is. Der moat in beslüt komme dat baseard is op goede gegevens. De léste moannen binne der op ferskate nivo's fragen ü.o. steld oan Fier en dêr binne gjin antwurden op kommen. It kolleezje stribbet nei in folweardich ünderwiisoanbod foar de takomst yn de gemeente. Men moat in goed oerwoegen beslüt nimme op basis fan sifers en net fan oannames. It is ferstannich om te wachtsjen op de ütkomsten fan it Jellumer berie. Der is gjin inkelde sprake fan dat men Fier kapotmeitsje wolle. Yn de BOT-sesje is steld dat de ried en it gemeentebestjoer altyd ferantwurdlik binne foar foldwaande iepenbier underwiis yn de regio. As Fier ferlies makket dan moat ien groep de beurs lüke en dat is de gemeente. Foar 22 july sil it Jellumer berie mei in foarstel komme. Dan kin it kolleezje by de riedsgearkomste fan 7 septimber 2017 komme mei it foarstel foar de goedkarring fan de statuten of mei in oar foarstel. By de reaksje fan it ministearje fan febrewaris 2017 giet it ministearje folslein foarby oan de weryndieling. Op 7 maart hat it Jellumer berie west en dêr is mienskiplik besletten dat de gemeentebestjoeren, de provinsje en it ministearje yn oparbeidzjen mei elkoar in advys jouwe oer it underwiis op it plattelan. It foarstel fan it kolleezje is dus om it beslüt oer de statuten üt te stellen. Neidat er düdlikheid is, komt der in foarstel fan it kolleezje nei de ried. Twadde termvn De hear De Haan (GBL): Men heeft de wethouder al vaker gehoord. Fier zit ook in het beraad. Als de scholen gefuseerd zijn heeft Fier een sterkere stem. Bij Fier speelt een heel ander verhaal met betrekking tot opheffingsnormen dan in Leeuwarden. Het is zeer de vraag of Leeuwarden voldoende oog heeft voor de kleine plattelandsscholen. Gelukkig doet de provincie ook mee. Fier dient met het fusieproces het platteland. De verhalen die men hiervan de wethouder hoort, zijn bijzaken. De hear Dijkstra (FNP): It ministearje gie allinne oer de underwiissaken. In weryndielingstrajekt hat dêr neat mei te meitsjen. It wurdt tiid dat der praat wurdt hoe't it straks giet op it plattelan en de stêd. Dat is in lanlik probleem en dat stiet los fan de statuten. It wurdt troch it kolleezje üt it ferban skuord. Wethalder Vos: It ministearje giet yndied net oer de statuten. As amtners yn in BOT-sesje wat sizze dan is it altyd under ferantwurdlikheid fan it kolleezje. 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 301